Indigenous Music Award

De Indigenous Music Awards ("Lânseigen Muzykprizen") binne in groep Kanadeeske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar de as bêste beoardiele wurken op it mêd fan 'e muzyk fan lânseigen artysten yn Kanada. Dizze prizen hieten oarspronklik de Aboriginal Peoples' Choice Music Awards ("Muzykpublyksprizen fan 'e Lânseigen Folken") en waarden ûnder dy namme yn 2006 ynsteld. Om foar de Indigenous Music Awards yn oanmerking te kommen, moat men (behalven muzikant) fan Yndiaanske, Inûyt- of Mety-ôfstamming wêze.

Indigenous Music Award
algemiene ynformaasje
hist. namme Aboriginal Peoples' Choice
   Music Award
nasjonaliteit Kanadeesk
útrikt foar bêste muzyk troch
   lânseigen artysten
frekwinsje 1x jiers
datum mids maaie
plak Winnipeg (Manitoba)
1e útrikking 2006
offisjele webside
www.indigenousmusicawards.com

De útrikkingsseremoanje fan 'e Indigenous Music Awards fynt elts jier plak mids maaie yn Winnipeg, yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba. De prizen wurde subsidiëarre troch it Ministearje fan Kanadeesk Erfskip fia de Canadian Online Strategy. De útrikking wurdt elts jier live útstjoerd op it Aboriginals Peoples Television Network. Yn 2014 wie Iceis Rain de earste iepentlike twigeast dy't optrede mocht ûnder de útrikkingsseremoanje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.