Abrahamityske religyen

(Trochferwiisd fan Abrahamityske godstsjinsten)

De abrahamityske religyen, soms ek wol oantsjut as it abrahamisme, binne de godstsjinsten dy't ôfstamje fan it jahwisme fan 'e âlde Israeliten. Se foarmje in kloft religyen dy't har ûnderskiede troch in strang monoteïsme en de ferearing fan 'e God fan 'e aartsfaar Abraham, nei wa't se ferneamd binne. Ta de abrahamityske religyen hearre de trije grutte Westerske monoteïstyske godstsjinsten: it moderne joadendom, it kristendom en de islaam, en fierders ferskate lytsere religyen, te witten: it bahaïsme, it mandeïsme, it babisme, it jazdânisme (ynkl. it jezidisme, it jarsanisme en it isjikisme), it messiasbelidende joadendom, it noächisme, it samaritanisme, it rastafarianisme, it sjabakisme en it druzyske leauwe (ynsafier't dat net ta de islaam rekkene wurdt). It mandeïsme en it jazdânisme wurde ek wol klassifisearre as Iraanske religyen.

Trochdat it kristendom yn 'e fjirde iuw as steatsgodstsjinst ynfierd waard yn it Romeinske Ryk en de islaam yn 'e sânde iuw yn it Omajadyske Ryk, krigen de abrahamityske religyen grutte ynfloed. Sawol kristendom as islaam waarden letter troch sinding oer oare parten fan 'e wrâld ferspraat, wylst it joadendom troch de grutte Joaske diaspora ek in beskate wrâlwide ynfloed útoefene hat. De abrahamityske religyen foarmje yn 'e teology ien fan 'e grutte ûnderferdielings fan 'e wrâldgodstsjinsten, yn 'e mande mei de Yndyske religyen, de Iraanske religyen, de Eastaziatyske religyen en de natoerreligyen. Neffens in skatting út 2005 hong doe mear as de helte fan 'e wrâldbefolking (54%) ien fan 'e abrahamityske religyen oan, wêrfan it kristendom 33,1%, de islaam 20,3%, it joadendom 0,2%, en it bahaïsme 0,1%. Fan 'e rest fan 'e wrâldbefolking wie likernôch 32% oanhinger fan in net-abrahamityske godstsjinst, wylst 14% út agnosten en ateïsten bestie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.