Killergram
Killergram is in Britske pornografyske webside en filmstudio, dy't yn 2002 oprjochte waard en him sûnt ûntwikkele hat ta de meast foaroansteande ûndernimmings fan syn soarte yn it Feriene Keninkryk. Dit bedriuw is fêstige oan Colmore Row yn Birmingham en hat nei skatting in jierlikse omset fan $17,5 miljoen.
Killergram | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
type | privaat | |
sektor | pornografyske filmstudio | |
haadkertier | Birmingham (Ingelân) | |
oprjochte | 2002 | |
oprjochter | Anjali Kara en Disanto | |
eigner | Anjali Kara en Disanto | |
sifers | ||
omset | $17.500.000 | |
winst | $10.000.000 | |
aktyf yn | it Feriene Keninkryk | |
wurknimmers | 50-100 | |
offisjele webside | ||
killergram.com |
Skiednis
bewurkje seksjeKillergram waard yn 2002 oprjochte troch Anjali Kara en Disanto, in troud pear dat al langer aktyf wie yn 'e Britske pornoyndustry. Behalven Killergram binne se ek eigners fan 'e labels Pornostatic en Adult Entertainment Studios. Killergram leit him benammen ta op syn webside op it ynternet en it produsearjen fan pornografyske ynhâld foar dy webside.
Anjali Kara is in Britsk pornoaktrise fan Yndiaask komôf, dy't yn mear as 45 pornofilms spile hat, mar tsjintwurdich mear efter de skermen aktyf is. Hja hat it deistich bestjoer fan Killergram, en docht de boekingen, kostúms en administraasje. Disanto is útfierend produsint fan alle sênes dy't opnommen wurde foar sawol Killergram as Pornostatic. Teffens fersoarget er de soundtracks dy't ûnder de sênes set wurde, en is er regisseur fan trochinoar seis pornofilms de moanne, dy't útbrocht wurde op dvd.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |