Aebinga van Humalda

efternamme

De famylje Aebinga van Humalda hearde ta de âlde adel fan Fryslân. De stamfaar is Andlef Abbengha, neamd yn 1438, eigener fan Abbengha state yn Blije. De neifolgjende generaasjes hiene de nammen Abbema, Abingen, Humalda, van Humalda en Aebinga van Humalda.

Famyljewapen fan Aebinga van Humalda

Nederlânske adel

bewurkje seksje

In lid fan de famylje waard by S.B. fan 28 augustus 1814 erkend as edele fan Fryslân en hearde sadwaande ta de Nederlânske adel mei it predikaat fan jonkhear. Dat wie mr. Idzerd Aebinga van Humalda (1754-1834). Hy waard yn 1825 bij KB beneamd yn de ridderskip fan Fryslân. Hy hie gjin bern dat mei him stoar de famylje út yn 1834.

Inkelde leden

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Adelsboek 79 (1988), p. 18-22.
  • De Nederlandse adel. Besluiten en wapenbeschrijvingen. De Haach, 1989, s. 33.
  • Wapenregister van de Nederlandse adel. Hoge Raad van Adel 1814-2014. Swol, 2014, p. 146.

Literatuer

  • Meer, D.J. van der en Brouwer, Y., 'Aebinga van Humalda', yn: Genealogysk Jierboekje (1988), s. 76-86.