Afrikaanske swarte strânljip
De Afrikaanske swarte strânljip (Haematopus moquini) is in yn fûgel út de famylje fan de strânljippen.
Afrikaanske swarte strânljip | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Haematopus moquini | ||||||||||||
Bonaparte, 1856 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedgebiet restearjende ferspriedingsgebiet |
Foarkommen
bewurkje seksjeYn tsjinstelling ta de yn Jeropa te finen bonte strânljip sit de Afrikaanske swarte strânljip hielendal swart yn de fearren. De snaffel is read en hat in oranjegiele punt. De poaten binne fleiskleurich.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe Afrikaanske swarte strânljip briedet op de kusten fan Angoala oant Súd-Afrika. De eartiids op de Kanaryske Eilannen foarkommende ûndersoarte meadewaldoi is sûnt 1986 útstoarn. De gewoane foarm moquini komt noch yn ferskate kustgebieten foar, fan flakke sânstrannen oant stiennige wâlen. De totale populaasje wurdt rûsd op in 5.000 oant 6.000 fûgels.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Haematopus moquini fan Wikimedia Commons. |