De strânljippen (Haematopus) binne it iennichste skaai fan 'e famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae) yn it skift fan de wilstereftigen (Charadriiformes). It binne grutte, opfallende en lûdroftige fûgels mei sterke snaffels dy't se brûke om skulpdieren iepen te krijen.

Strânljippen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje: strânljipfûgels (Haematopodidae)
Gray, 1840
skaai: strânljippen (Haematopus)
Linnaeus, 1758

De fûgels lykje in protte op inoar. Se binne allegear swart of bûnt (swart mei wyt). Der binne 12 soarten strânljippen. De strânljippen foarmje it iennichste skaai fan 'e strânljipfûgels.