Strânljippen
(Trochferwiisd fan Strânljipfûgels)
De strânljippen (Haematopus) binne it iennichste skaai fan 'e famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae) yn it skift fan de wilstereftigen (Charadriiformes). It binne grutte, opfallende en lûdroftige fûgels mei sterke snaffels dy't se brûke om skulpdieren iepen te krijen.
Strânljippen | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
famylje: | strânljipfûgels (Haematopodidae) Gray, 1840 | |
skaai: | strânljippen (Haematopus) | |
Linnaeus, 1758 | ||
De fûgels lykje in protte op inoar. Se binne allegear swart of bûnt (swart mei wyt). Der binne 12 soarten strânljippen. De strânljippen foarmje it iennichste skaai fan 'e strânljipfûgels.
Soarten
bewurkje seksje- Magelhaenstrânljip (Haematopus leucopodus)
- Súdamerikaanske swarte strânljip (Haematopus ater)
- Noardamerikaanske swarte strânljip (Haematopus bachmani)
- Amerikaanske bûnte strânljip (Haematopus palliatus)
- Kanaryske swarte strânljip (Haematopus (ostralegus) meadewaldoi) †
- Afrikaanske swarte strânljip (Haematopus moquini)
- Strânljip (Haematopus ostralegus)
- Nyseelânse bûnte strânljip (Haematopus finschi)
- Australyske bûnte strânljip (Haematopus longirostris)
- Nijseelânse swarte strânljip (Haematopus unicolor)
- Chathamstrânljip (Haematopus chathamensis)
- Australyske swarte strânljip (Haematopus fuliginosus)