Agabus is in profeet, dy't yn it Nije Testamint neamd wurdt. Hy wurdt tradisjoneel beskreaun as ien fan de twaensantich learlingen yn Lukas, [1] dy't der op út stjoerd waarden om it evangeelje te ferkundigjen.

De profeet Agabus foarseit it lijen fan de apostal Paulus, Louis Cheron (1660-1713)

Agabus reizge mei in groep profeten fan Jeruzalim nei de earste heidenske kristengemeente yn Antiochië. Dêr foarsei er dat der oer de hiele wrâld in swiere hongersneed komme soe. Under de gemeente waard doe in ynsammeling organisearre, om guod te stjoeren nei harren bruorren en susters yn Judéa.[2] Under it fjirde jier fan it bewâld fan Klaudius briek dy hongersneed yndied út (45 jier nei Kristus). Suëtoanius, Tasitus en Eusebius neame dy hongersneed en yn Jeruzalim sloech de hongersneed sa bot ta, dat neffens Flavius Josephus mannichien de hongerdea stoar.

In twadde foarsizzing die Agabus trettjin jier letter (58 nei Kristus). As Paulus yn Sesaréa tahâld kriget er besite fan Agabus. Dy Agabus krige Paulus syn mulriem ôf en bûn himsels de hannen en fuotten mei de riem wylst er sei: "Dit seit de hillige Geast: de man fan wa't dizze riem is, sille de joaden yn Jeruzalim krektsa bine en him oan de heidenen útleverje."[3] Nei't guon joaden letter it folk yn Jeruzalim foarholden dat Paulus de timpel ûntwijd hie, der in opskuor ûntstie en Paulus de timpel útsleept waard om bûten deaslein te wurden, kamen romeinske soldaten op it trelit ôf en arrestearren Paulus en sleagen him yn de boeiens.[4]

Grêf bewurkje seksje

Agabus ferstoar yn Antiochië, it tsjintwurdige Turkske Antakya. Oer syn grêf waard in tsjerke boud, mar nei't Umar ibn al-Chattab Antiochië op it Byzantynske Ryk ferovere, feroaren de moslims de tsjerke yn in moskee. Yn de rin fan de tiid wie it wikseljend in tsjerke of moskee, oant yn 1268 de Egyptyske Mamluk Baibars yn 1268 Antiochië definityf ûnder islamitysk bestjoer pleatste en de kristlike befolking ôfslachte.[5] Agabus wurdt yn de islaam fereare as Habib Neccar en de moskee, Habib-i Neccar-moskee, is nei him ferneamd.[6]

Feestdagen bewurkje seksje

  • Roomsk-Katolike Tsjerke: 13 febrewaris
  • Otterdokske Tsjerke: 4 jannewaris, 8 maart

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lukas 10:1-24
  2. Hannelingen 11:27-28
  3. Hannelingen 21:10-11
  4. Hannelingen 21:27-33
  5. A History of Armenia, Vahan M. Kurkjian
  6. Heiligenlexikon