Alan I, greve fan Menteith
Alan I fan Menteith, greve fan Menteith (yn Skotlân, 12?? – Kastiel fan Abergavenny (Wales), foàr 13 maart 1308/'09) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy wie in oanhinger fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce. Alan fan Menteith stoar yn Ingelske kriichsfinzenskip.
Alan I fan Menteith | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | 12?? | |
berteplak | ? (Skotlân) | |
stjerdatum | foàr 13 maart 1309 | |
stjerplak | Kastiel fan Abergavenny (Wales) | |
dynasty | Hûs Menteith | |
etnisiteit | Skotsk | |
greve fan Menteith | ||
amtsperioade | 13?? – 1308/'09 | |
foargonger | Aleksander | |
opfolger | Alan II |
Libben
bewurkje seksjeMenteith wie de soan fan Aleksander, greve fan Menteith, en libbe ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, wat in tige ûnlijige perioade út 'e Skotske skiednis wie. De earste kears der er neamd wurdt yn in histoaryske boarne datearret út 1296, doe't er as gizelder yn Ingelân ferbleau, ta bewissiging fan it goed gedrach fan syn heit. Menteith en syn jongere broer Piter fan Menteith beselskippen kening Edwert I fan Ingelân yn 1297 as paazjes op syn fjildtocht yn Flaanderen.
Werom yn Skotlân ûntjoech Menteith him nei 1300 ta in oanhinger fan 'e troansoanspraken fan it Hûs Bruce. Hy stipe Robert fan Bruce, greve fan Carrick by dy syn besykjen om kening te wurden, en wie op 25 en 26 maart 1306 oanwêzich yn Scone, by Perth, doe't Bruce dêr ta kening Robert I kroane waard. Fanwegen syn belutsenens by de rebûlje fan Robert fan Bruce liet Edwert I fan Ingelân beslach lizze op Menteith syn lânerijen, wêrnei't er dy, de titel 'greve fan Menteith' ynbegrepen, oan 'e Ingelske ealman Jan fan Hastings joech.
Op 19 juny 1306 waard Menteith troch de Ingelsen kriichsfinzen nommen nei de Slach by Methven, en oerdroegen oan Hastings om mei te dwaan wat er woe. Dy liet Menteith finzen sette op it Kastiel fan Abergavenny, yn súdeastlik Wales. Menteith moat dêr foàr 13 maart 1308 of 1309 (it jiertal is net alhiel dúdlik) stoarn wêze, mei't Jan fan Hastings op dy datum de bûtenpleats Wotton oerdroech oan "Margery, eardere frou fan Alan, greve fan Menteith", om har yn har widdosteat yn werom te lûken. Alan fan Menteith wie troud mei in Margery of (moderne stavering) Marjorie, dy't in dochter fan Colbán, greve fan Fife en dy syn frou Anne Durward west hawwe moat. Hja hiene twa soannen, fan wa't de âldste him opfolge as Allan II, greve fan Menteith.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |