Perth (Skotsk-Gaelysk: Peairt; Skotsk: Perth of Pairth) is in stêd yn it sintraal eastlike part fan Skotlân. It leit oan 'e igge fan 'e rivier de Tay, en is de haadstêd fan it histoaryske Skotske greefskip Perthshire. It is dêrnjonken ek it betsjoerssintrum fan it hjoeddeistige distrikt Perth en Kinross. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie de stêd doe goed 47.000 ynwenners. Perth is ferneamd om it boek The Fair Maid of Perth, út 1828, fan sir Walter Scott.

Perth
Peairt / Pairth
De St Matthew's Church en de Smeaton's Bridge oer de Tay.
De St Matthew's Church en
de Smeaton's Bridge oer de Tay.
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Lânsdiel Skotlân
Unitary authority Perth en Kinross
Sifers
Ynwennertal 47.180 (2012)
Oar
Stifting Prehistoarje
Tiidsône UTC
Simmertiid UTC +1
Koördinaten 56°23′45″N 3°26′00″W
Offisjele webside
www.perthcity.co.uk
Kaart
Perth (Skotlân)
Perth
Lokaasje yn Skotlân.

De namme 'Perth' komt fan it Piktyske wurd foar "wâld" of "bosk". Op dit plak wie al yn 'e Prehistoarje in delsetting fêstige, op in natuerlik ferhef yn it lânskip, sadat men der feilich wie foar oerstreamings troch de rivier de Tay. Archeologysk ûndersyk hat útwiisd dat de earste jager-sammelders 8.000 jier lyn yn 'e krite oankamen, en dat de earste Neolityske bouwurken (steande stiennen en stiennesirkels) der likernôch 4.000 jier lyn oanlein waarden, koart nei't de lânbou yn it gebiet yntrodusearre wie.

Fan Perth wurdt faak sein dat it de earste haadstêd fan it Keninkryk Skotlân wie (fan 846 ôf), mar feitlik komt dy eare ta oan it doarp Scone, 3 km fierderop, dêr't Kenneth MacAlpin, de earste kening fan 'e Skotten, residearre. Neitiid wie dat ek it plak dêr't de Stien fan Scone bewarre waard, dy't by de kroaningsseremoanje fan alle Skotske keningen brûkt waard, oant er yn 1296, ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, troch kening Edwert I fan Ingelân stellen waard. Likegoed wie de neite fan Scone fan ynfloed op 'e wichtigens fan Perth.

Yn 'e iere tolfde iuw krige Perth fan 'e Skotske kening Willem de Liuw stedsrjochten taparte. Fan 'e fjirtjinde oant de sechstjinde iuw wie de stêd ien fan 'e rykste kommersjele sintra fan Skotlân, dêr't keaplju út Frankryk, de Nederlannen en it Eastseegebiet allegear kamen om hannel te driuwen. Yn 1559 waarden ûnder de Skotske Reformaasje, nei in preek dy't de tsjerkeherfoarmer John Knox yn Perth jûn hie, de kleasters fan 'e stêd plondere troch kalvinistyske byldestoarmers.

Yn 'e santjinde en achttjinde iuw foel Perth by trije gelegenheden yn 'e hannen fan 'e jakobiten, nammentlik yn 1689, yn 1715 en yn 1745 (de lêste beide kearen as ûnderdiel fan 'e Jakobityske Opstân fan 1715, resp. de Jakobityske Opstân fan 1745). Yn 1760 waard yn 'e stêd de Akademy fan Perth oprjochte, dy't ûnderwiisynstelling dy't ek ynfloedryk wie op it mêd fan 'e fêstiging fan wichtige tûken fan yndustry yn Perth, wêrûnder fabriken foar de produksje fan linnen, lear, bleekwetter en whisky. Fanwegen syn strategyske sintrale lizzing yn Skotlân ûntjoech Perth him fan 1848 ôf boppedat ta in spoarkrúspunt fan belang. In grut tal oare plakken yn 'e wrâld binne nei Perth ferneamd; dêrfan is de Westaustralyske stêd Perth it bekendst.

De ekonomy fan Perth stipet benammen op griene enerzjy, it fersekeringswêzen, yndustry, rekreaasje, sûnenssoarch, de oerheid en ferfier. De grutste wurkjouwer yn 'e stêd is it bestjoersdistrikt Perth en Kinross, mei 6.000 banen. Op it mêd fan it toerisme is yn Perth de Saint John the Baptist-tsjerke út 'e trettjinde iuw it besjen wurdich. Fierders stiet der ek it saneamde Fair Maid's House, in monumint dêr't yn 'e ferneamde roman The Fair Maid of Perth, út 1828, fan sir Walter Scott, it titelpersonaazje Catherine Glover wenne. Ek is yn 'e stêd it Perth Museum and Art Gallery fêstige, ien fan 'e âldste provinsjale museä fan Skotlân.

It stadion McDiarmid Park is it thús fan fuotbalklub St. Johnstone FC, dy't yn 'e Scottish Premiership spilet, de heechste fuotbaldifyzje fan Skotlân.

Neffens in offisjele skatting op basis fan gegevens fan 'e Britske folkstelling fan 2011 hie Perth yn 2012 in befolking 47.180 minsken. By de folkstelling fan 2001 bedroech it ynwennertal noch 43.450 minsken, wat betsjut dat der yn alve jier tiid in befolkingstaname fan 9,3% west hie. Fierders wie yn 2001 fan 'e ynwenners fan Perth 11,2% bûten Skotlân berne, wêrfan 8,1% yn oare dielen fan it Feriene Keninkryk en 0,5% yn Ierlân. Ek wie yn 2001 8,2% fan 'e befolking fan perth 75 jier of âlder.

Berne yn Perth

bewurkje seksje

Perth hat in seeklimaat, mei koele simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 20,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 6,4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 31,4 °C yn july 2006 en –17,2 °C yn jannewaris 1963. Perth kriget jiers trochinoar 694 mm delslach en 1.358 oeren sinneskyn.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.