Albert Maximo Cristina (Willemstêd, (Nederlânske Antillen), 18 novimber 1970) is in eardere Nederlânsk follybalspiler út Amersfoart.

Albert Christina
sporter
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 18 novimber 1970
berteplak Willemstêd flagge fan de Nederlânske Antillen
lingte 1,94 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. Sydney 2000, Atene 2004
karriêre-ein 2011
wichtige prestaasjes
1x goud EK 1997

Hy die twarris mei oan de Olympyske Spullen, op de Simmerspullen fan 2000 yn Sydney waard er mei de Nederlânske ploech fiifde. Ek die er mei oan de Simmerspullen fan 2004, yn Atene waard er doe njoggende mei de ploech. Op it Europeesk kampioenskip yn 1997 waard er Europeesk kampioen. Yn totaal hat Albert Cristina 176 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Albert Cristina hat ûnder oare spile foar de follybalklups Piet Zoomers/D, Geldrop, ZVH, Zwolle, Roeselare, Omniworld en Nesselande. By ferskate klups hat er lânstitels wûn.

Follybaltrainer

bewurkje seksje

Nei syn aktive karriêre as follyballer is er follybaltrainer wurden. Syn earste grutte súkses as trainer helle er op 25 april 2011 doe't er mei syn ploech Rivium Rotterdam kampioen fan Nederlân waard troch Langhenkel Volley yn de finale te ferslaan. [2]

In skoftke letter, op 28 maaie, kaam nei foarren dat Cristina syn ûntslach yntsjinne hie by de Rotterdamske klup. Hy die dat fanwegen it ûntbrekken fan finansjele middels. [3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: