De Alde Dobbe is in dobbe of marke noardwestlik fan Westernijtsjerk yn de polder Bokkepôlen en De Keegen. It is in grutte drinkensdobbe foar it fee mei in ringwâl deromhinne mei in hichte fan 4.80 meter boppe N.A.P. Op dizze dobbe, mei sleatten en stekken deromhinne, waard yn it ferline by driigjend heechwetter it fee opsluten.

lokaasje Alde Dobbe

De dobbe helle yn 2006 it wrâldnijs doe't yn de nacht fan 31 oktober op 1 novimber by heechwetter in tal hynders ferdronk en tsientallen oare hynders mar krekt fan de ferdrinkingsdea ret wurden koene.