Aleksander Sibirjakov

Aleksander Michajlovitsj Sibiryakov (Алекса́ндр Миха́йлович Сибиряко́в) (Irkoetsk, 8 oktober (26 septimber) 1849 - 1933) wie in Russysk goudmyneigener en ûntdekkingsreizger fan Sibearje.

Alexander Sibiryakov.

Sibirjakov studearre ôf oan in polytechnyske skoalle yn Surich, Switserlân. Nei dy stúdzje gie er werom nei syn heitelân en rjochte gemyske fabriken op, mar dy koene lykwols net út. Letter yn syn libbe finansiere er de poalekspedysjes fan Adolf Erik Nordenskiöld en A.V.Grigoriev. De earste ekspedysje stipe er mei 25.000 rûbel. Foar Nordenskiöld's lettere ekspedysje mei it skip Vega naam Sibirjakov 1/3 part fan de kosten foar syn rekkening. Doe't it lot fan de Vega-ekspedysje ûnwis wie, liet Sibirjakow it skip A. E. Nordenskiöld bouwe, mar dit skip sonk foar de kust fan Japan.

Hy stipe ek de publikaasjes fan wurk oer de skiednis fan Sibearje. Yn 1880 besocht er om it estuarium fan de Jenisej fia de Karasee te berikken op in skoender. Yn 1884 berikte Sibirjakov it Petsjora-estuarium op de stoomboat de "Nordenskiöld" en farde de rivier op. Doe stiek er it Oeralberchtme oer mei help fan de lânseigen befolking (Samojeden) en harren rindieren en berikte Tobolsk oan de rivier Tobol.

Ek letter stipe er ferskate ûndernimmings en ûndersiken nei mooglike ferkearswegen yn Sibearje, sa as de ferkenning fan it Tsjoektsjenskiereilân. Yn 1884 ûndersocht er sels oft der in ferbining tusken de rivieren Petsjora en Ob troch de Oeral mooglik wie.

Sibirjakov hat lang om let in wichtige bydrage oan de ekonomyske ûntjouwing fan Sibearje levere.

Sibirjakov, in eilân yn de Karasee yn it Jenisej-estuarium en in Russyske iisbrekker binne nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Yurii Semenov. Siberia: Its Conquest and Development. Helicon Press, Baltimore, 1963.
  • De artikels yn de Ingelske Wikipedia en de Dútske Wikipedia