Irkûtsk
Irkûtsk (Russysk: Иркутск) is in stêd yn de Russyske Federaasje, haadstêd fan de oblast Irkûtsk. De stêd leit oan de rivier de Angara tusken de opslachmar fan Irkûtsk en de Baikalmar.
Irkûtsk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Irkûtsk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 611.215 (2023) | |
Oerflak | 305 km² (ynkl. wetter) | |
Befolkingsticht. | 2.206,55 ynw./km² | |
Oar | ||
Stifting | 1661, 1686 (stedsstatus) | |
Tiidsône | UTC+8 | |
Koördinaten | 52° 17' N 104° 18' E | |
Plattegrûn Irkûtsk. | ||
Offisjele webside | ||
admirk.ru | ||
Kaart | ||
Irkûtsk is it grutste ekonomyske, kulturele en fersoargjende sintrum fan East-Siberië; der is in grutte yndustriële sektor, dy't ûnder mear aluminiumyndustry (bauksyt út de Oeral), gemyske fabriken, masinebou (foar de mynbou yn de omkriten), houtferwurking en fiedingsmiddelenyndustry omfiemet. Der binne wetterkrêftsintrales by de keardaam en der is in piipline mei de ierdoalje- en ierdgasfjilden fan it Wolga-Oeralgebiet. It is in wichtich ferkearsknooppunt yn East-Siberië mei in stasjon oan it Trans-Sibearysk spoar en in belangrike lofthaven. De âlde stêd is frijwat rom oanlein en hat noch tal fan histoaryske pânen, meast fan hout. Fierders hat de stêd in universiteit (1918) en ferskate hegeskoallen, in polytechnysk ynstitút, de Sibearyske ôfdieling fan de nasjonale Akademy fan de Wittenskippen, ferskaat oan museums en teäters, in planetarium en de steatsbibleteek.
Tsjerken
bewurkje seksjeKleasters
bewurkje seksje- Znamensky-kleaster
- Himelfeartkleaster (sloopt yn de jierren 1930)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Irkutsk fan Wikimedia Commons. |