Epifanykatedraal (Irkûtsk)
De Katedraal fan de Epifany (Russysk: Собор Богоявления, Sobor Bogojavlenija) is in katedraal fan it otterdokse bisdom Irkûtsk. De katedraal stiet yn 'e East-Sibearyske stêd Irkûtsk, Ruslân.
Epifanykatedraal Богоявленский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Irkûtsk | |
plak | Irkûtsk | |
koördinaten | 53° 17' N 104° 16' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Gorjaev Vasili | |
boujier | 1718-1746 | |
boustyl | Barok, klassisisme, Russyske arsjitektuer | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 381511313120006 | |
Webside | ||
epiphany.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke wie in houten bouwurk ta eare fan 'e apostels Petrus en Paulus. Dy tsjerke waard yn 1693 troch Kozakken oan 'e eastlike kant fan it houten fort boud, op it plak dêr't de takomstige stêd Irkûtsk kaam te lizzen. Op 3 augustus 1716 baarnde de tsjerke ôf en waard der fuort jild ynsammele om in nije stiennen tsjerke te bouwen. In dekreet fan 'e tsaar yn 1714 ferbea lykwols de bou fan in stiennen tsjerke, om't alle faklju en it materjaal opeaske waarden foar de bou fan de nije haadstêd Sint-Petersburch. Nei't it dekreet foar in part bûten wurking steld wie, koe yn july 1718 útein set wurde mei de konstruksje fan 'e nije tsjerke. Arsjitekt fan 'e bou wie Gorjaëv Vasily, dy't earder al tusken 1703 en 1710 ek de Trije-ienheidkatedraal fan Verchotoerje bouwe mocht. Seis jier nei it boubegjin kaam de Petrus en Pauluskapel ree en doe't it bisdom Irkûtsk yn 1727 oprjochte waard avensearre ek it wurk oan 'e nije katedraal. Yn datselde jier waarden de klokketoer en in kapel ta eare fan Jehannes de Kriger foltôge. De tsjerke wie yn 1746 klear en waard op 25 septimber 1746 ynwijd.
Oarspronklik hie it sintrale diel fan 'e tsjerke in opbou mei fiif sipels, mar nei in ierdskodding op 23 april 1804 waard de opbou mei de sipels net rekonstruearre. Yn septimber 1812 kaam in twadde yn klassisistyske styl boude klokketoer ree. De al yn 1797 getten klok fan 12 ton foar de toer wie de swierste klok fan Irkûtsk, mar gyng by de grutte stedsbrân yn july 1879 troch de hjittens spitigernôch ferlern. In oare ierdskodding op 31 desimber 1861 brocht ek grutte skea oan 'e tsjerke. In 'e midden fan 'e 19e iuw waard neist de katedraal it biskoplik paleis boud.
Njonken de Epifanykatedraal waard yn 1875 begûn mei de bou fan in nije, gruttere katedraal. Yn 1894 wie de nije katedraal klear en rekke de Epifanytsjerke de status fan biskopstsjerke kwyt oan 'e foltôge neobyzantynske Kazankatedraal.
Unteigening
bewurkje seksjeNei de oktoberrevolúsje waard de âlde Epifanykatedraal yn 1925 registrearre as monumint fan 'e skiednis en keunst, mar de autoriteiten lieten de tsjerke wol slute foar de earetsjinst en droegen it gebou oer oan in bakkerij, dy't it gebou foar de nije funksje ferboude. Yn 1932 waard de 19e iuwske Kazankatedraal njonken de Epifanytsjerke opblaasd. Nei ûndersyk die bliken dat de steat fan de Epifanytsjerke net al te bêst wie, mar der folge gjin renovaasje. Yn 1960 drige de ôfbraak fan 'e Epifanykatedraal en de Ferlossertsjerke. Safier kaam it gelokkich net.
De Epifanykatedraal waard in monumint fan nasjonaal belang en de âlde klokketoer waard yn de oarspronklike steat werombrocht. Foar de Epifanykatedraal bestjutte dat in 18 jier lange rekonstruksje en doe't de rekonstruksje foltôge wie waard de tsjerke oerdroegen oan it regionale museum.
Weromjefte
bewurkje seksjeYn 1994 folge de weromjefte fan 'e katedraal oan it bisdom Irkûtsk. De earste tsjinsten fûnen plak yn 'e Kapel fan 'e apostels Petrus en Paulus en mei Peaske waard de katedraal wer ynwijd troch de biskop. Yn 2003 waard de tsjerke op 'e nij ferve en binnen waarden it ferwulft en it refektoarium mei fresko's beskildere.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe katedraal is ryk fersierd mei barokke motiven en eleminten dy't út de Sibearyske folkskeunst stamme. Oan 'e gevel binne likernôch 300 Nederlânske tegels ferwurke mei blommen en persoanen út mearkes en de mytology. Yn 'e tsjerke binne fresko's fan 'e berte fan Kristus, de oanbidding fan 'e trije keningen, hilligen, profeten en Russyske martlers en helden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Богоявления (Иркутск)
|