Kazankatedraal (Irkûtsk)

De Katedraal fan Us Leaffrou fan Kazan (Russysk: Казанский собор; Kazanski Sobor offisjeel: Katedraal fan it ikoan fan Us Leaffrou fan Kazan) wie fan 1894 oant de sluting troch de bolsjewistyske autoriteiten in otterdokske katedraal yn 'e Sibearyske stêd Irkûtsk. De katedraal waard yn 1932 opblaasd.

Kazankatedraal

Казанский собор

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Irkûtsk
plak Irkûtsk
koördinaten 52° 17' N 104° 16' E
Arsjitektuer
boujier 1875-1894
sloopjier 1932
boustyl Neobyzantynske arsjitektuer
Kaart
Kazankatedraal (Ruslân)
Kazankatedraal
 
De bou fan de katedraal.

De Kazankatedraal wie in grutte fiifkoepelige tsjerke yn de foarm fan in Gryksk krús. Fia in gallerij wie de klokketoer mei de tsjerke ferbûn. De tusken 1875 en 1894 boude katedraal wykte ôf fan it oarspronklike ûntwerp en waard yn de neobyzantynske styl boud.

De Kazankatedraal wie ien fan de grutste tsjerken fan Russyske Ryk en koe 5.000 minsken bergje. De hichte fan de katedraal wie 60 meter.

Nei de oktoberrevolúsje begûn it ferfal fan de katedraal. Yn 1919 gyng de ferwaarming stikken en sa koe de katedraal allinnich noch yn de waarme moannen iepen bliuwe. Yn de jierren 1920 waard it terrein njonken de tsjerke in plak dêr't de jongerein fuotbalje mocht. In grut part fan de ramen moast der oan leauwe en dêrnjonken wie de lokale parse begûn mei in aktive kampanje dy't de sloop fan de katedraal ta doel hie. Sa kamen der jimmeroan minder minsken yn de tsjerke en dêrmei ûntbriek ek it jild om de skea te ferhelpen.

De katedraal waard yn 1930 sletten en yn jannewaris 1932 folge de ûndertekening fan it beslút om de katedraal te slopen. De autoriteiten wiene fan betinken dat de tsjerke gjin histoaryske of artistike wearde takend wurde koe en útstellen om fan de katedraal in museum te meitsjen waarden ôfwiisd. Foar de sloop wiene meardere eksploazjes nedich, wêrfan't de earste plak fûn yn augustus 1932. Fan it rike ynterieur bleaune allinnich in pear ikoanen oer.

Yn 1938 waard op it plak fan de katedraal it Hûs fan de Sovjets boud. Tsjintwurdich is hjir it bestjoerlik sintrum fan de oblast Irkûtsk ûnderbrocht. Yn 2009 dielde boargemaster Viktor Kondrasjov mei fan doel te wêzen om de katedraal wer op it âlde plak op te bouwen.

Ofbylden fan de sloop

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]