Trije-ienheidstsjerke (Irkûtsk)
De Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid (Russysk: Троицкая церковь, Troitskaja tsjerkov) is in otterdokse tsjerke fan it bisdom Irkûtsk yn Irkûtsk, Ruslân. De tsjerke is ien fan 'e âldste tsjerken fan 'e stêd, stiet yn it histoaryske sintrum en fertsjintwurdiget ien fan 'e moaiste foarbylden fan 'e Sibearyske barok.[1]
Trije-ienheidsjerke
Троицкая церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Irkûtsk | |
plak | Irkûtsk | |
koördinaten | 52° 17' N 104° 16' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1760-1778 | |
boustyl | Sybearyske barok | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 3810044003 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste houten Trije-ienheidstsjerke waard yn 1718 oprjochte. Noch gjin fjirtich jier letter waard de tsjerke wer ôfbrutsen en útein set mei it ynsammeljen fan jild foar de bou fan in stiennen tsjerke. Wannear't de bou krekt begûn is net bekend, der wurdt fan út gien dat dit tusken 1754 en 1758 west hat. De wijding fan de folslein tsjerke wie op 22 septimber 1778 en sûnt dy tiid hawwe der gjin grutte feroarings en ferbouwings plakfûn.
De Trije-ienheidstsjerke waard yn 1930 sletten en ynearsten brûkt as ûnderkommmen foar de wurklju dy't de brêge oer de Angara bouden. Letter waard de tsjerke foar in part foar opslach brûkt en úteinlik waard der in planetarium yn ûnderbrocht. Yn 'e Sovjet-tiid gyng de ikonostaze ferlern en waarden de bysûndere 18e iuwske fresko's fan 'e tsjerke oerskildere. It planetarium moast yn 1986 de doarren slúte om't it ûnderhâld te winskjen oerliet. Ek de fûneminten wiene net mear yn oarder en yn 'e gevels sieten in soad skuorren. Der folge in renovaasje fan de tsjerke en yn 1994 waard de Trije-ienheidstsjerke wer oerdroegen oan it bisdom.
Yn it jier 2000 krige de toer wer in nij ferguld krús. Op Goedfreed 2003 waarden de klokken omheech takele, dy't mei Peaske foar it earst let waarden.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|