Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken (Irkûtsk)

It Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken, ek wol it Znamenski-kleaster (Russysk: Знаменский монастырь) is in otterdoks nonnekleaster yn Irkûtsk, Ruslân.

Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken

Знаменский монастырь

Katedraal fan it Teken.
Katedraal fan it Teken.
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Irkûtsk
plak Irkûtsk
koördinaten 52° 18' N 104° 17' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
Ynformaasje bou
boujier 1779-1790
boustyl Barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 3810002000
Kaart
Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken (Ruslân)
Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken

Op it tsjerkhôf fan it kleaster lizze û.o. de grêven fan 'e Russyske ûntdekkingsreizger Grigori Sjelichov († 1795) en Jekaterina Trûbezkaja († 1854), de frou fan 'e desimbrist Sergej Petrowitsj Trûbezkoj en de skriuwer Valentin Raspûtin († 2015).

It kleaster waard yn 1689 stifte oan 'e rjochter kant fan 'e Angara-rivier, op it plak dêr't de Ûsjakovka-rivier op 'e Angara útmûnet. De earste gebouwen wiene fan hout, mar de kleastertsjerke waard al yn 1727 omskreaun as ferfallen en ferfongen troch in nije houten tsjerke. Al in pear dessinia letter waard der besletten ta de bou fan in stiennen kleaster.

 
It kleaster yn de 19e iuw.

It wurk oan 'e kleastergebouwen duorre noch oant it begjin fan 'e 19e iuw en in nije katedraal, de tsjerke fan 'e hillige Demetrius en Tryfon, twa wenkompleksen, in hûs foar de oerste, bygebouwen en in muorre mei in poarte waarden yn barokke styl boud. Oarspronklik hie de katedraal, boud tusken 1757 en 1762, in inkeld skip, mar yn 1787 en 1794 fûn der in útwreiding mei twa sydskippen plak mei alters foar Us Leaffrou fan Kazan en de Transfiguraasje.

It kleaster waard yn 1926 troch de Sovjet-autoriteiten sletten, mar de katedraal bleau ynearsten as parochytsjerke iepen. Yn 1929 waard de tsjerke sels noch efkes de katedraal fan it bisdom Irkûtsk, nei't earder al de Epifanykatedraal sletten wie en de Kazankatedraal op 'e nominaasje stie sloopt te wurden. Nei sân jier waard ek de Katedraal fan 'e Mem fan God fan it Teken sletten foar de earestjinst en omboud ta in garaazje en wurkpleats foar de reparaasje fan wetterfleantugen.

It risseltaat fan 'e earste twintich jier fan it Sovjet-rezjym wie de ferwoastging fan 'e meast wichtige tsjerken en kleasters, it ûntnaderjen en it ferdwinen fan 'e reliken lykas dy fan 'e hillige Innosintius fan Irkûtsk, de apostel fan Sibearje, en it fermoadzjen fan 'e measte preesters yn 'e jierren 1937-1939. Yn 1939 wie it bisdom Irkûtsk de fakto opholden te bestean.

 
Muorrebeskildering oan de westlike muorre fan de katedraal mei in foarstelling fan Sybearyske hilligen.

Yn 1945 waard in folslein ferrinnewearre tsjerke werom jûn oan it bisdom en fan 1948 ôf wie de tsjerke op 'e nij de katedraal fan it bisdom.

De reliken fan de hillige Innosintius dy't de bolswiken yn 1921 út it kleaster helle hiene om se yn ferskillende musea as "Sibearyske Mummy" út te stallen, waarden yn 1990 wer op 'e nij ûntdutsen en op 7 septimber fan dat jier oan 'e Russysk-otterdokske Tsjerke werom jûn.

Sûnt 1994 is ek it kleaster wer operatyf.[1]

Monumint Aleksandr Koltsjak

bewurkje seksje

Foar it kleaster stiet sûnt 2 novimber 2004 in monumint fan admiraal Aleksander Koltsjak. De wite admiraal waard hjir yn de nacht fan seis op sân febrewaris 1920 tegearre mei de foarsitter fan 'e Ried fan Ministers fan it saneamde Omsk-regear, Viktor Pepeljajev, troch de bolsjewiken deasketten en ûnder it iis fan 'e beferzen Angara smiten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Знаменский монастырь (Иркутск)