Adolf Erik Nordenskiöld
Baron (Nils) Adolf Erik Nordenskiöld (Helsinki, 18 novimber 1832 - op syn pleats Dalbyö (Sødermanland), 12 augustus 1901) wie in Finsk geolooch, mineralooch en arktysk ûntdekkingsreizger, bekend fanwege syn ferkenning fan Grienlân en Spitsbergen, earst fan 1872 oant 1873, en doe fan 1878 - 1879. Hy wie de earste dy't de Noardeastpassaazje trochfarde en sa Sina berikte.
Hoewol't er yn Finlân berne waard, brocht er in grut part fan syn libben yn Sweden troch as balling. Finlân hearde doetiids ta tsaristysk Ruslân en Nordenskiölts polityke foarkar wie liberaal en anty-Russysk. Hy hat doe en letter lid west fan de Ryksdei. Nordenskiöld wie de omke fan Carl Gustaf Mannerheim, dy't letter de presidint fan Finlân (1944-1946) wie.
Ekspedysjes
bewurkje seksje- Yn 1858, 1861, en 1864 naam er diel oan ekspedysjes nei Spitsbergen, en yn 1868 farde er yn in lytse boat noardliker as immen ea west wie eastlik fan de nul-meridiaan. Yn 1861 wie er lid fan Torell's twadde reis nei Spitsbergen en yn 1864 wie er haad fan in ekspedysje op inisjatyf fan de Keninklike Sweedske Akadeemje fan Wittenskippen .
- Yn 1870, besocht er Grienlân en yn 1871 gie er op 'en nij nei Spitsbergen dêr't er oerwintere; hy ûntkaam doe mar krekt oan de hongerdea.
- Yn de ekspedysjes fan 1872 en 1875, dy't tige goed organisearre wiene, hie er in steamboat, de "Sofia" ta syn foldwaan, en berikte doe de heechste breedtegraad ea (+81° 42 min) yn de eastlike hemisfear.
- Yn 1875, fear er nei de rivier Jenisej yn Sibearje, yn in lyts skip, dat er werom stjoerde wylst er sels fierder streamop gie en oer lân werom reizge.
- Yn 1878 sylde er mei it skip de Vega om de hiele noardkust fan Aazje hinne nei de Beringstrjitte, sadat er de earste wie dy't de folsleine noard-eastpasaaazje troch fear. Hy sette útein yn Karlskrona op 22 juny 1878 en sylde om Kaap Tsjeljoeskin hinne yn augustus. Ein septimber rekke er fêst yn it iis yn de omkriten fan de Bering Strjitte, mar koe de folgjende simmer fierder en meitsje de reis ôf (sjoch kaart). Neitiid krige de titel baron as tank foar syn fertsjinsten.
Neilittenskip
bewurkje seksjeSyn samling kaarten wurdt bewarre troch de universiteit fan Helsinki, en steane yn it Wrâldskiednisregister fan de UNESCO. Yn 1893 waard Nordenskiöld lid fan de Sweedske Akadeemje (sit 12) as opfolger fan Anders Anderson.
De Nordenskiöldkrater op Mars en de Russyske Nordenskiöldarsjipel (noardwestlik fan it Taymyr Skiereilân) binne nei him neamd.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- Biographical entry on Pegasos, the Nordic authors site
- A. E. Nordenskiöld and his Collections in Helsinki University Library
- Samling kaarten op UNESCOs webstee
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Adolf Erik Nordenskiöld fan Wikimedia Commons. |