De Alpenboskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus alpicola) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat yn 'e Alpen-regio fan Midden-Jeropa libbet. Oarspronklik waard dit bist beskreaun as in ûndersoarte fan 'e grutte boskmûs (Apodemus flavicollis), mar sûnt 1952 wurdt er as in selsstannige soarte erkend. De Alpenboskmûs is it naust besibbe oan 'e lytse boskmûs (Apodemus uralensis), en DNA-ûndersyk hat boppedat útwiisd dat de besibskip mei de boskmûs (Apodemus sylvaticus) noch justjes grutter is as dy mei de grutte boskmûs.

Alpenboskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus alpicola
Heinrich, 1952
IUCN-status: net bedrige

Fersprieding

bewurkje seksje

Oant no ta is de Alpenboskmûs oantroffen yn 'e Aostadelling fan noardwestlik Itaalje en oangrinzgjende dielen fan Frankryk, en yn eastlik Switserlân, Lychtenstein, it Eastenrykske Foararlberch en oanbuorjende kriten fan súdlik Beieren, yn Dútslân.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De Alpenboskmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-11 sm, mei in sturtlingte fan 10-13½ sm. Hy is justjes grutter as de boskmûs (Apodemus sylvaticus) en ûngefear like grut as de grutte boskmûs (Apodemus flavicollis), mar hy hat yn ferhâlding in folle langere sturt, dy't trochinoar goed 120% (mei útrinners oant 140%) fan 'e kop-romplingte bedraacht. It rêchhier is gielbrún oant readbrún en de behierring op 'e bealch grizich wyt oant witich. It gielige plak op 'e kiel rint almeast yn 'e lingterjochting yn in streek út nei de bealch ta en foarmet mar komselden in sletten bân om 'e hals, sa't by de grutte boskmûs it gefal is. Boppedat is de begrinzging folle dizeniger. Lykwols is it sels foar saakkundigen soms dreech om beskate eksimplaren inkeld op grûn fan uterlike skaaimerken fan grutte boskmûzen te ûnderskieden, nammenste mear om't der oan 'e grinzen fan it ferspriedingsgebiet fan 'e Alpenboskmûs oergongsfoarmen foarkomme. Inkeld de foarm fan 'e plasse (skedel) kin wissichheid biede.

De Alpenboskmûs jout de foarkar oan steile berchskeanten, iepen plakken en berchgreiden, it leafst mei in kombinaasje fan útstykjende rotsen, rinnend wetter en tichte boaiembegroeiïng (gers). Yn kontreien dêr't sawol de Alpenboskmûs as de grutte boskmûs (Apodemus flavicollis) foarkomme, bestiet der in habitatskieding yn fertikale rjochting: Alpenboskmûzen libje dan boppe likernôch 1.000 m hichte, en grutte boskmûzen inkeld dêrûnder. Op oare plakken komt de Alpenboskmûs lykwols oant 550 m foar. De boppegrins fan syn fersprieding liet op 2.000 m.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.