Alpenmûtse
In Alpenmûtse of alpinopet is in baret dy't ornaris swart fan kleur is, mei in lyts los triedsje of 'sturtsje' (yn Frankryk de cabillou neamd) yn 'e midden fan 'e krún boppe-op. Dizze foarm fan 'e baret makket ûnderdiel út fan 'e nasjonale dracht fan 'e Frânsen en de Basken. De Alpenmûtse is oarspronklik net út 'e Alpen, mar út 'e Pyreneeën ôfkomstich. De assosjaasje mei de Alpen komt wierskynlik fuort út it feit dat sterk op Alpenmûtsen lykjende militêre baretten popularisearre waarden troch de Frânske alpinetroepen.
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik wie de Alpenmûtse it tradisjonele holdeksel fan Aragoneeske en Navarreeske skiephoeders út 'e Ansó- en Roncal-dellingen fan 'e Pyreneeën, it berchtme dat it Ibearysk Skiereilân fan Frankryk skiedt. Meitiid wreide de dracht fan Alpenmûtsen him út oer Spaansk-Baskelân en oare dielen fan noardlik Spanje en súdlik Frankryk, dêr't se net inkeld mear troch skiephoeders, mar ek troch boeren, arbeiders, fiskers en ambachtslju droegen waarden.
Kommersjele produksje fan sokke holdeksels sette yn 'e santjinde iuw útein yn 'e Oloron-Sainte-Marie-krite fan Súd-Frankryk. Hoewol't it fan oarsprong in pleatslik ambacht wie, waard it meitsjen fan Alpenmûtsen yn 'e njoggentjinde iuw yndustrialisearre. De earste fabryk waard dêrta yn 1810 oprjochte. Tsjin 'e 1920-er jierren wiene Alpenmûtsen sterk assosjearre rekke mei de legere maatskiplike klassen fan Frankryk en Noard-Spanje. Yn 1928 wiene der mear as tweintich fabriken yn Frankryk en ferskate oaren yn Spanje en Itaalje deropta dy't jiers miljoenen Alpenmûtsen produsearren. Tsjin dy tiid rekke dit holdeksel ek bûten Frankryk en Spanje yn gebrûk, wêrûnder ek yn Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.
|