In baret (fan it Frânske béret) is in slop, plat holdeksel sûnder râne, mei in krún dy't wider is as de bân, sadat er faak wat nei ien kant ta oerhinget. Sokke holdeksels binne yn 'e regel weve fan wol, katoen, ferfilte wol of akrylfezel. De baret wurdt klassifisearre as in soarte fan mûtse, mei't it noch in râne hat (lykas in hoed), noch in klep (lykas in pet).

In reade militêre baret.

Etymology bewurkje seksje

It Fryske en Nederlânske wurd 'baret' komt fan it Frânske béret. De measte saakkundigen hâlde it derop dat dy oantsjutting ôflaat is fan 'e ferlytsingsfoarm biretum fan it fulgêr Latynske birrum, dat de namme fan in soarte fan koarte mantel mei in kap wie. Uteinlik soe it wurd fan it Gallyske birros komme, dat "koart" betsjut, en dat nau besibbe is oan it Aldierske wurd berr, it Welske byr en it Bretonske berr, allegear mei de betsjutting "koart".

Skiednis bewurkje seksje

Ut archeologysk en keunsthistoarysk ûndersyk hat bliken dien dat holdeksels dy't ferlykber binne mei de moderne baret al sûnt de Brûnstiid yn noardlik Jeropa droegen wurde, en safier súdlik as Itaalje en Kreta, dêr't se yn gebrûk wiene by de Minoërs, de Etrusken en de Romeinen. Yn 'e Renêssânse waarden baretten benammen droegen troch de hegerein. De moderne dracht fan 'e Alpenmûtse, in soarte fan baret, troch boeren, arbeiders, fiskers en wurklju yn Frankryk en noardlik Spanje liket him ferspraat te hawwen fanút de Pyreneeën (en net de Alpen). De Skotske baret of tam o' shanter hat in hiel eigen skiednis.

 
Kening Ferdinand II fan Aragon (1452-1516), mei in baret yn Renêssansistyske styl op.

Fanôf de 1920-er jierren rekke de baret ek bûten Frankryk en Spanje by boargers yn gebrûk, earst as ûnderdiel fan sportklean en letter as moadeferskynsel. By sport waard de baret fral troch manlju droegen, en as moadetrend meast troch froulju. Lykwols heart de baret op dat mêd ek ta de stereotype dracht fan keunstners, filmregisseurs, dichters en yntellektuëlen yn it algemien.

As ûnderdiel fan militêre unifoarmen waard de baret foar it earst yn 1889 ynfierd, by de Frânske alpinetroepen. Nei't er dy holdeksels yn 'e Earste Wrâldoarloch sjoen hie, stelde de Britske generaal Hugh Elles foar om se oan te nimmen foar it earste Britske tankrezjimint, dat ferlet hie fan holdeksels dy't yn de behindige kompartiminten fan tanks opbliuwe soene. Neitiid waard de militêre baret troch de measte lannen ynfierd as holdeksel foar alteast in part fan it leger.

Soarten baretten bewurkje seksje

Der besteane ferskate soarten baretten:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.