Altenahr (Verbandsgemeinde)
De Verbandsgemeinde Altenahr is in bestjoersgebiet yn it sintrum fan 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It haadplak fan de gemeente is Altenahr.
Altenahr | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Ferbânsgemeente |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
haadplak | Altenahr |
tal Ortsgemeinden | 12 |
kenteken | AW |
Ferbandschlüssel | 07 1 31 5002 |
sifers | |
ynwennertal | 10.182 (2021) |
oerflak | 153,71 km² |
befolkingstichtens | 66 ynw./km² |
oar | |
stifting | 1968 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 50° 31' N 6° 59' E |
webside | www.altenahr.de |
Skiednis
bewurkje seksjeIt gemeenteferbân ûntstie yn 1968 yn it ramt fan bestjoerlike feroarings en in weryndieling yn Rynlân-Palts út it eardere Amt Altenahr, dat yn dy foarm sûnt 1936 bestien hie. Der fûn yn 1974 in útwreiding plak mei de Ortsgemeinde Kalenborn (dat earder yn 'e ferbânsgemeente Ringen lei). Dêrnei hawwe der noch ferskillende korreksjes west troch wat lytse plakjes by omlizzende plakken yn te dielen.
Gemeenteyndieling
bewurkje seksjeDe gemeente is te ferdielen yn 12 Ortsgemeinden:
Ortsgemeinde | Oerflak (km²) | Ynwennertal (2021) |
---|---|---|
Ahrbrück | 12,56 | 1.076 |
Altenahr | 14,84 | 1.592 |
Berg | 19,05 | 1.294 |
Dernau | 5,72 | 1.390 |
Heckenbach | 27,34 | 233 |
Hönningen | 10,02 | 1.050 |
Kalenborn | 4,33 | 677 |
Kesseling | 31,17 | 604 |
Kirchsahr | 6,10 | 350 |
Lind | 12,35 | 570 |
Mayschoß | 5,66 | 822 |
Rech | 4,69 | 524 |
Ferbânsgemeente Altenahr | 153,82 | 10.182 |