Amandus- en Blasiustsjerke (Waregem)

De HH. Amandus- en Blasiustsjerke oan 'e Markt is de parochytsjerke fan 'e West-Flaamske stêd Waregem, Belgje.

Amandus- en Blasiustsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Belgje Belgje
plak Waregem
adres Markt 15
koördinaten 50° 53' N 3° 25' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Brugge
Arsjitektuer
boujier 16e-17e iuw
weropbou nei ferneatiging 1920-1930
boustyl gotyk
Webside
Side Pastorale Ienheid Waregem
Kaart
Amandus- en Blasiustsjerke (West-Flaanderen)
Amandus- en Blasiustsjerke
 
Oargel

Waregem wie al sûnt 1119 in selsstannige parochy en yn 1984 waarden resten fan in romaansk tsjerkje fûn. It gyng om in trijeskippich krústsjerkje, wêrfan't noch in pear dielen yn de hjoeddeiske tsjerke bewarre bleaun binne. Yn 1189 foel it patronaatsrjocht ta oan it Us-Leaffrouwekapitel fan Doarnik.

De tsjerke rekke yn 1488 by de opskuor tsjin Maksimiliaan fan Eastenryk skeind, mar in diel fan 'e tsjerkeskat koe rêden wurde. Noch foar 1500 fûn de bou fan in nije toer plak. Ek waard it romaanske sydskip ôfbrutsen en ferfongen foar in nij sydskip dy't like breed wie as it middenskip. Tusken 1797 en 1824 waard it smelle noardlike skip ôfbrutsen en ek troch in breed skip ferfongen. Sa ûntstie de hjoeddeiske halletsjerke, Tusken 1839 en 1843 waard tsjerke nei it westen ta 12 meter langer makke.

Yn 'e Earste Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skansearre en yn 1923-1924 folge in weropbou neffens in ûntwerp fan Maurice Allaert.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De tsjerke is in trijeskippige halletsjerke mei in pseudodwersskip en krusingstoer. Oan wjerskanten fan 'e gevel steane treptuorren. De tsjerke is boud fan Doarnikske sânstien en de fjouwerkante krusingstoer is fan Balegemse stien.

De ynrjochting is yn klassisistyske styl en datearret fan 1775-1777. Ut de 18e iuw datearje ek de bychtstuollen en de kommunybank. De tsjerke besit in skilderij út 1650 fan Cornelis de Vos mei de foarstelling dat Jezus fan it krús wurdt ôfnommen.

It hjoeddeiske oargel waard oarspronklik yn 1905 boud troch S. van Bever út Laken. Nei de skea fan de Earste Wrâldkriich moast it ynstrumint renovearre wurde. Yn 1990 waard it oargel mei gebrûk fan it âlde piipwurk folslein ferboud troch de firma Thomas út Stavelot.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: