Amerozius Ayzo fan Boelens

(Trochferwiisd fan Ambrosius Ayzo van Boelens)

Amerozius Ayzo van Boelens, ek wol Ambrosius Aijso van Boelens (19 maart 1766, Hurdegaryp - 30 novimber 1834, Olterterp) wie ûnder oaren lid fan de Twadde Keamer, riedshear fan it Hof fan Fryslân en presidint fan de rjochtbank op It Hearrenfean.

Stamwapen

Amerozius Ayzo wie in soan fan Boelardus Augustinus fan Boelens en Anna Meilinga dy't op Bennemastate yn Hurdegaryp wennen. Hy studearre Romeinsk en nij rjocht en promovearre, op de Hegeskoalle te Hurderwyk, oant 3 febrewaris 1790.[1] Hy wie yn 1792 kommys op it sekretariaat fan it provinsjaal bestjoer fan Fryslân, yn 1800 lid fan it departemintsbestjoer fan de Iems, yn 1801 riedshear yn it Hof fan Fryslân, yn 1812 presidint fan de rjochtbank te It Hearrenfean. Yn 1825 waard er lid fan de Twadde Keamer en yn 1831 grytman fan Opsterlân.

Hy stoar op 30 novimber 1834 yn Olterterp en waard beïerdige op it doe krekt oanleine famyljebegraafplak yn Olterterp dat no it Aldhôf neamd wurdt. [2]

Amerozius wie boaske mei Suzanna Cornelia Trotz (Demerary 1772 - Olterterp 1848);[3] sy krigen njoggen bern. Beide waarden begroeven op it Aldhôf dat Fan Boelens yn 1830 as famyljebegraafplak ynrjochtsje litten hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside: parlemintêrdokumintaasjesintrum.nl
  2. Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW): historici.nl
  3. Dochter fan de gûverneur fan it Súd-Amerikaanske Nederlânsk-Guyana, George Hendrik Trotz en Laurentia Catharina Spoors