Amerikaanske presidintsferkiezings (2008)
Amerikaanske presidintsferkiezings | |||||
<< 2004 • 4 novimber 2008 • 2012 >> | |||||
opkomst: 58,2% | |||||
wichtichste presidintskandidaten
| |||||
fise-presidintskandidaten
| |||||
ferkiezingsútslach
| |||||
útslach nei steat | |||||
Utslach nei steat mei it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje oanjûn. Der binne 270 kiesmannen nedich om te winnen. |
De 56ste presidintsfekiezing fan de Feriene Steaten sil op 4 novimber 2008 hâlden wurde. De 56ste presidintsferkiezing sil beskiede wa't George W. Bush opfolgje sil as 44ste presidint fan de Feriene Steaten. De kandidaat dy't 270 of mear kiesmannen fan de Electoral College hat, wint de presidintsferkiezing.
Gadingmakkers foar de ferkiezings
bewurkje seksjeDemokraten
bewurkje seksjeAl yn jannewaris 2008 wie it wis dat de Demokraten twa kandidaten hienen om gading te meitsjen foar de presidintsferkiezing 2008, Barack Obama en Hillary Clinton.
De foarferkiezings fan 5 febrewaris 2008, dy't foar de Demokraten yn 21 steaten en de Amerikaansk Samoa hâlden wurde, wie in fuortsetting fan de race tusken Clinton en Obama. Obama wûn yn mear steaten, mar Clinton wûn yn de steaten dêr't mear minsken wenje wêrtroch se mear kiesmannen krige. Sadwaande joech de Super Tuesday by de Demokraten gjin dúdlike winner.(Sjoch ek Super-Ungewissheit nach Super Tuesday fan 6 febrewaris 2008. Dútsk)
Linkendewei wûn Obama yn mear steaten as Clinton. Clinton joech belies op 7 juny en sei Obama stipe ta yn 'e ferkiezing om it presidintskip.
Republikeinen
bewurkje seksjeBegjin 2007 wie Rudy Giuliani de favorite kandidaat foar de Republikeinen. Hy hie yn maart in foarsprong op McCain fan likernôch 20%. Mei Mitt Romney en Fred Thompson hie de Republikeinske partij yn 'e twadde helte fan 2007 fjouwer kandidaten om gading te meitsjen foar de presidintsferkiezing 2008. Op 13 maart docht bliken dat John McCain de favorite kandidaat is foar de Republikeinske Partij.[1]
Oare kandidaat-gadingmakkers
bewurkje seksjeOare partijen dy't meidogge oan de presidintsferkiezing binne de Green Party, Constitution Party, Libertarian Party, Prohibition Party, Sozialistische Partei der USA en de Socialist Workers Party.
In kandidaat kin mei in partij of allinnich (independent) meidwaan oan de presidintferkiezings. Op 24 febrewaris 2008 makket Ralph Nader kundich dat er meidwaan sil oan de presidintsferkiezing fan 2008. Hy die al twaris earder mei, yn 2000 helle er 2,7% fan de stimmen, yn 2004 0,4%.
Resultaat
bewurkje seksjeGadingmakker | Partij | Tal stimmen | Persint | Electoral College | Boarne |
---|---|---|---|---|---|
John McCain | Republikeinske Partij | 52,257,739 | 47% | 162 | Q |
Barack Obama | Demokratyske Partij | 57,675,402 | 52% | 349 | Q |
Sinteraasje
bewurkje seksjeGadingmakker | Partij | Jeften (USD) | Utjeften (USD) | Kontant jild (USD) | Tekoart |
---|---|---|---|---|---|
John McCain | Republikeinske Partij | 401.327.135 | 335.489.325 | 65.837.810 | 915.894 |
Barack Obama | Demokratyske Partij | 171.092.491 | 149.675.028 | 21.417.463 | 2.003.357 |
Sjoch ek
bewurkje seksjeFerwizing nei boarne
bewurkje seksje- ↑ Republican Presidential Nomination Ingelsk
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Washington Post: The Presidential Feld Ingelsk
- New York Times: Who's running? Ingelsk
- Los Angeles Times: In the running Ingelsk
- CNN: 2008 Candidates Ingelsk
- Forbes: 2008 Candidate forum Ingelsk
- MSNBC: Issues + candidate matrix Ingelsk