Amerikaanske dollar

(Trochferwiisd fan Amerikaanske Dollar)

De Amerikaanske dollar is sûnt 1785 de nasjonale muntienheid fan de Feriene Steaten. Ek yn inkele oare lannen wurd de munt brûkt as muntienheid. De wikselkoers tusken de euro en de dollar is bygelyks €1,- tsjin $1,29. De offisjele ISO-4217-kôde fan de dollar is USD.

Amerikaanske dollar
In biljet fan 1 dollar.
In biljet fan 1 dollar.
identifikaasje
ISO 4217
● koade USD
● nûmer 840
● eksponint 2
lânseigen
   namme
United States dollar (Ingelsk)
symboal $; ek: U$, US$
gebrûk
sintrale bank Federal Reserve System
off. brûkers Feriene Steaten
monetêre oerienkomst:
Br. Famme-eilannen
East-Timor
Ekwador
El Salvador
Karibysk Nederlân
Marshalleilannen
Mikroneezje
Palau
Panama
Turks- en Kaikoseil.
fêste
   wikselkoers
29 muntienheden (sjoch: hjirre)
skiednis
ynfierd 2 april 1792
ferfong Kontinintaal jild en
   útlânske muntienheden
ynflaasje 2,29% (des. 2019)
denominaasjes
1/100 cent; ek: dollar cent, penny
symb. 1/100 ¢
muntjild ½¢¹, 1¢, 2¢¹, 3¢¹, 5¢, 10¢, 20¢¹,
25¢, 50¢, $1, $2.50¹, $3¹, $5², $10², $20¹
¹) net mear slein, wol legaal
²) inkeld by spesj. gelegenhdn.
papierjild $1, $2 $5, $10, $20, $50, $100,
$500¹, $1.000¹, $5.000¹,
$10.000¹
¹) net mear printe, wol legaal

Fan de Twadde Wrâldkriich ôf is de dollar de saneamde ‘anker-faluta’. Dit hâld yn dat de priis fan wichtige grûnstoffen as goud, sulver en oalje yn dollars út drukt wurdt. Sûnt de resesje dy’t de wrâld yn 2002 trof komt hjir feroaring yn. De euro wurdt wrâldwiid hieltyd in wichtiger munt, en ek it Sineeske renminbi is dwaande in wichtige muntienheid te wurden.

Lannen mei de Amerikaanske dollar as muntienheid

bewurkje seksje

Ek de oerseeske gebieten fan de Feriene Steaten brûke de Amerikaanske dollar. Dit binne:

Net allinnich de Feriene Steaten brûke de Amerikaanske dollar. Ek in ferskaat oan oare lannen hat dizze munt as muntienheid ynfiert. Dizze lannen binne:

Fêste wikselkoers

bewurkje seksje

Der binne fierders 29 muntienheden dy't in fêste wikselkoers mei de dollar hawwe, d.w.s. dy't oan 'e dollar fêstmakke binne en dêrom ôfhinklik fan 'e dollarkoerts binne:

Munten en bankbiljetten

bewurkje seksje

Ien dollar is ferdield yn hûndert sinten. Der binne munten fan 1, 5, 10, 25 en 50 sint. Ek is der in ien dollar munt, mar dizze wurdt relatyf net safolle brûkt.

Op de munten fan 25 sint, ek wol ‘Quarters’ neamd, dy’t tusken 1998 en 2008 drukt wurde stiet in opdruk fan in staat fan Amearika, lykas by de euro.

Bankbiljetten binne der fan 1, 2, 5, 10, 20, 50 en 100 dollar. Yn de Feriene Staten ha der oant 1969 ta ferskeidene biljetten beston mei in nominale wearde fan somtiden wol 100.000 dollar. Mar dizze binne út de merke helle. It dollarbiljet fan 2 dollar wurd hast net mear brûkt, dizze liket folle op it biljet fan 1 dollar en de buorgers binne bang foar betizing.

Dollar foar oare lannen dy't ek in muntienheid ha mei de namme 'dollar' mar wêrby it wol om in oare muntsoarte jit.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Amerikaanske dollar