Amon Amarth (band)

Amon Amarth is in Sweedske vikingmetalband yn 1992 ûntstien út de band "Scum".

Amon Amarth
band
Logo fan Amon Amarth
Logo fan Amon Amarth
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Sweedsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1992 - no
label(s) Metal Blade
âld-leden Niko Kaukinen (drums) (1992−1996)
Anders Hansson (gitaar) (1992–1998)
Martin Lopez (drums) (1996–1998)
Fredrik Andersson (drums) (1998–2015)
leden
Sang Johan Hegg
Gitaar Olavi Mikkonen
Gitaar Johan Söderberg
Bas Ted Lundström
Drums Jocke Wallgren
Amon Amarth Reload Festival 2017

Muzyk bewurkje seksje

Amon Amarth basearret it grutste part fan syn sjongteksten op Noardske mytology, de Wytsingetiid, en de foar-kristlike tiid, dy't tematysk in metal-styl omfetsje, bekend as vikingmetal. Vikingmetal ûntstie oarspronklik yn 'e lette 1980'er jierren en iere 1990'er jierren fan út de blackmetal, populêr makke troch bands lykas Bathory en Enslaved. hoewol't Amon Amarth, in deathmetalband is, wurdt harren muzyk faaks markearre as vikingmetal fanwegen syn tema's yn de teksten.

Skiednis bewurkje seksje

Tusken 1992 en 1997 brocht Amon Amarth inkele demo's en mini-cd's út. Yn 1998 tekene hja in kontrakt by "Metal Blade" dy't harren debútalbum "Once Sent from the Golden Hall" op 10 febrewaris 1998 útbrocht. Gitarist Anders Hansson ferliet de band en waardt ferfongen troch Johan Soderberg. Nei in toernee yn datselde jier ferliet drummer Martin Lopez om by Opeth spyljen te gean, en hy waard ferfongen troch Fredrik Andersson. Yn 1999 kaam it twadde album fan Amon Amarth út "The Avenger". Nei sân albums ferliet drummer Fredrik Andersson de band. It album "Jomsviking" dat yn maart 2016 útkaam, waard opnaam mei help fan sessydrummer Tobias Gustafsson. Septimber datselde jier presentearre de band Jocke Wallgren as harren nije drummer.

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Single(s)
Once Sent from the Golden Hall 10 febrewaris 1998 Metal Blade
The Avenger 2 novimber 1999
The Crusher 8 maaie 2001 Masters of War
Versus the World 18 novimber 2002
Fate of Norns 7 septimber 2004
With Oden on Our Side 3 oktober 2006
Twilight of the Thunder God 30 septimber 2008 Guardians of Asgaard (mei Lars-Göran Petrov)
Surtur Rising 29 maart 2011 War of the Gods
Deceiver of the Gods 25 juny 2013 Warriors of the North
Jomsviking 25 maart 2016 Death in Fire 2016,
First Kill,
At Dawn's First Light
Berserker 3 maaie 2019 Raven's Flight,
Crack the Sky
The Great Heathen Army 5 augustus 2022 Get in the Ring,
The Great Heathen Army

Kompilaasje-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op
Hymns to the Rising Sun 8 septimber 2010