Ana Foxxx, echte namme Savana Maisah Johnson (Rialto (Kalifornje), 29 oktober 1988) is de skûlnamme fan in Amerikaansk earder fotomodel dat no wurksum is as neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja is fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf, en har namme wurdt ek wol misstavere as Ana Foxx, Ana Fox of Anna Foxxx. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m lang, mei in gewicht fan 59 kg en kupmaat 34C.

Ana Foxxx
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ana Foxx, Ana Fox, Anna Foxxx
echte namme Savana Maisah Johnson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 oktober 1988
berteplak Rialto (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
escort
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Foxxx is hikke en tein yn it suden fan 'e steat Kalifornje, dêr't se berne waard yn it stedsje Rialto, fuort by San Bernardino. Yn in fraachpetear joech se oan dat se foar it earst seksuële omgong mei in jonge hie doe't se 17 jier wie.

Ana Foxxx begûn har karriêre as fotomodel en mannekên, mar yn 2011, doe't se 23 jier wie, stapte se oer nei de pornoyndustry. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 27 pornografyske film spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Jules Jordan Video, Pure Play Media, Adam & Eve, Elegant Angel, Devil's Film en Hustler Video. Teffens hat se wurke foar pornosites as Reality Kings en Porn Pros.

Bekendheid krige Foxxx fral mei This Ain't Star Trek XXX 3 en This Ain't The Expendables, twa pornografyske parodyen fan Hustler Video, en fierders mei Black Anal Addiction 2, fan Evil Angel. Se hat ûnderwilens twa nominaasjes foar pornografyprizen yn 'e wacht sleept, ien foar in Urban X Award, en sawol yn 2013 as yn 2014 ien foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).

Foxxx wurket yn Los Angeles ek as escort.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 Urban X Award nominearre opkommende froulike stjer n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Tessa Lane) Four Rooms: Los Angeles

Keppelings om utens bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: