Andries Joustra

Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich

Andries Joustra (Easterein, 13 oktober 1919 - Kamp Vught, 22 augustus 1944) wie in Fryske boere-arbeider en fersetsman.

Andries Joustra
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 13 oktober 1919
berteplak Easterein
stoarn 22 augustus 1944 (24 jier)
stjerplak Kamp Vught
etnisiteit Frysk
wurkpaad
reden
  bekendheid
Ferset yn de Twadde Wrâldoarloch

Biografy bewurkje seksje

Andries Joustra wie in lânarbeider út Easterein dy't yn 1940 stried oan de Grebbeliny. Nei de kapitulaasje kaam er werom nei Fryslân dêr 't er meidie oan it ferset.
Hy fersprate yllegale pamfletten, lykas Vrij Nederland, holp mei it meitsjen fan kontakten foar flechtrûtes nei Ingelân en die mei oan oerfallen op plakken yn Fryslân dy 't foar de besetter wichtich wiene.
Yn de hjerst fan 1942 died er mei oan in tal oerfallen, lykas dy op it stedhûs fan Boalsert, dêr't in skofte letter ek it arbeidsburo yn 'e brân set waard. Joustra die op 14 oktober ek mei oan de kreak op it kantoar fan de distribúsjetsjinst op De Jouwer en op 23 oktober 1942 spile er in rol by de oerfal op it distribúsjekantoar fan Wommels.[1]

Dy aktiviteiten makken dat er bekend waard by de Dútsers en sa kaam der dan ek yn it plysjeblêd te stean dat der in priis fan tsientûzen gûne op syn holle set wie. Joustra dûkte ûnder, naam de skûlnamme 'Rinke' oan en kaam telâne by de knokploech fan Haarlim. Neidat er dochs wer nei it noarden tsjenne wie, hold er him dwaande mei de distribúsjesaken yn it Drintske Schoonoord.

Joustra waard yn maaie 1944 yn Assen arrestearre en transportearre nei it konsintraasjekamp yn Vught. Dêr waard er op 22 augustus 1944 troch de besetter fusillearre. Op de tinkstien en yn in advertinsje yn it 'Friesch Dagblad' wurdt 18 augustus as dei eksekúsje neamd. Dat strykt lykwols net yn mei de yn in dokumint út it konsintraasjekamp fermelde datum 22 augustus.[2]

Andries Joustra waard by syn routsjinst typearre as in tige warber ûndergrûnske strider dy't op positive wize it fjoerpeloton temjitte gien wêze soe. De routsjinst waard earst op 12 july 1945 holden, earst omdat de oarloch noch dwaande wie doe't er fusillearre waard, mar twad ek omdat syn famylje pas op 6 july 1945 it berjocht krigen hie dat Joustra ferstoarn wie. Nei dat nijs waard fuort in routsjinst organisearre dy ’t ds. D.C. Tiemens fan Jiskenhuzen yn de yndertiid grifformearde tsjerke late. [3]

Neitins bewurkje seksje

 
Tinkstien foar Andries Joustra

Ein jierren 40 waard in plakette fan natuerstien ta oantins fan Joustra ynmitsele yn de súdmuorre fan de toer fan de Martinytsjerke yn Easterein. It monumint waard ûntwurpen troch Auke Hellinga. Ek waard der yn Easterein in strjitte nei Joustra ferneamd, de Andries Joustrastrjitte.

Keppelingen om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nationaal Comité 4 en 5 mei – oorlogsmonumenten, Easterein, monument voor Andries Joustra – Nationaal Comité 4 en 5 mei (sjoen 8 maaie 2019).
  2. "Familiebericht", Friesch dagblad, Ljouwert, tiisdei 10 july 1945, s. 2
  3. "Uit de provincie – Gezinshulp – Oosterend", Friesch dagblad, Ljouwert, tongersdei 19 july 1945, s. 2