Angel Boris
Angel Boris (folút: Angel Lynn Boris, en soms wurkjend as Angel Boris Reed; Fort Lauderdale (Floarida, 2 augustus 1974), is in Amerikaansk model, neakenmodel en aktrise, dy't bekendheid krige doe't se yn 1996 as Playmate yn it neakenblêd Playboy stie.
Angel Boris | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Angel Boris Reed | |
echte namme | Angel Lynn Boris | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 2 augustus 1974 | |
berteplak | Fort Lauderdale (Floarida) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel | |
jierren aktyf | 1996 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeBoris waard yn 1974 berne yn Fort Lauderdale, yn 'e steat Floarida. Hja wurke as in model foar it sinnebrânoalje-merk Hawaiian Tropic doe't se yn july 1996 as Playmate of the Month foar it neakenblêd Playboy posearre. Dy fotoreportaazje wie it wurk fan neakenfotograaf Richard Fegley. Boris wûn grutte populariteit by de lêzers fan 'e Playboy, en posearre neitiid neaken foar withoefolle spesjale edysjes.
Troch de bekendheid dy't hja mei har wurk as neakenmodel krigen hie, wist Boris ek in karriêre as aktrise te begjinnen. Sa spile se û.m. yn 'e films Warlock III: The End of Innocence (1999) en The Still Life (2006). Yn 2001 wie se likernôch in heal jier lang te sjen yn 'e soapsearje General Hospital, dêr't se in personaazje spile dat ek fan Angel hiet. Ek hie se yn seizoen acht fan 'e jongereinsearje Beverly Hills, 90210 in weromkearende rol as Emma Bennett, in seksy sjoernaliste dy't haadpersoan Brandon Walsh ferlate.
Njonken noch ferskate oare rollen yn tillefyzjesearjes wurke Boris ek mei oan guon fideoklips, wêrûnder dy fan it nûmer Heads Explode fan 'e band Monster Magnet. Fierders die se yn 2002 mei oan 'e spesjale edysje foar Playboy Playmates fan it realitytillefyzjeprogramma Fear Factor, wêryn't se it twadde plak behelle, nei Lauren Michelle Hill.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |