Anjenette Joustra-Reinders
Anjenette Joustra-Reinders (Hoogezand, 27 april 1828 [1] – Snits, 9 maart 1901) wie in Nederlânske ûndernimmer, makker fan Bearenburch en waard bekend as Weduwe Joustra.
Anjenette Joustra-Reinders | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 april 1828 | |
berteplak | Hoogezand | |
stoarn | 9 maart 1901 | |
stjerplak | Snits | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Undernimmer | |
aktyf as | Destillearder | |
reden bekendheid |
Widdo Joustra bearenburch |
Biografy
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeAnjenette Reinders waard berne as âldste fan fiif bern en waard nei har beppe Anje Ukes ferneamd. Har heit Uko Reinders (1786-1872) wie mûnder en houtkeapman en de húshâlding wenne by de eardere houtseachmûne Overwater oan it Winschoterdiep. Doe 't har mem yn 1851 ferstoar bleau Reinders foar har heit soargjen. Sy troude op 2 novimber 1854 [2] mei Steven Joustra, boekferkeaper by en lettere eigener fan boekhannel Joustra en Van der Baan yn Hoogezand. Yn 1860 ferhuzen Anjenette Joustra-Reinders, har man en bern nei Snits.
Widdo Joustra
bewurkje seksjeDoe 't yn 1865 har man stoar [3] ferfette Reinders ûnder de namme Weduwe Joustra de wyn- en distillearde drankehannel fan har man. Se ferkocht ûnder oare tsjin postwiksel of ûnder rembours 'skiekundich ûndersochte cognac' yn kuorflessen [4] en lúkse sigaren. Reinders late har saken suksesfol, sa koe se yn 1876 twa eigen pannen keapje wêrûnder it pân oan it Kleinzand, in grêftsje yn de binnenstêd fan Snits dêr 't de winkel noch hieltyd fêstige is. Ut it Kleinzand wei koene de skûtsjes fan leveransiers en grutte ôfnimmers foar de doar lade en losse. Doe't se yn oanrekking kaam mei Oprechte Maag-Kruiden fan Beerenburg besleat se dêr sels in ferzje fan te meitsjen. De reseptuer is yn al dy jierren nea oanpast en jildt as in famyljegeheim. Allinnich bedriuwslieder Heleen Sonnenberg fan no en har heit Jaap Sonnenberg kenne de resepten. [5]
Priveelibben
bewurkje seksjeTegearre mei har man Steven krige Anjenette Reinders fjouwer bern. Nei it ferstjerren fan har man waard se de fâd oer har bern, mei har sweager Hendrik Joustra as tasjend fâd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|