Lytssân (Snits)

(Trochferwiisd fan Kleinzand)

It Lytssân wurdt foarme troch de wâlskanten fan in grêft yn de binnenstêd fan Snits.

It Lytssân fan de Jousterkaai ôf, links it pân fan de widdo Joustra en it Frysk Skipfeartmuseum

It wetter wurdt ornaris ek Lytssân neamd, mar offisjeel is dat in part fan de Stêdsgrêft. Der is lang oannaam dat de namme ôflaat is fan it Stêdske wurd saan, mar dat it hjir net it wurd foar sân wêze moast, mar it wurd foar sont, in nauwe trochgong tusken bredere wetters is. Lykwols docht bliken dat de namme âlder is as it Stêdsk, wat dy útlis ûnwis makket.

It Lytssân rint fan de Bokkensbrêge (Sylsterbrêge), mei oansluting op de Singel, de Sûpemerk en de Dimpte Poartesilen, nei de Jousterpiip (Lytssânsterpiip), mei oansluting op de Jousterkaai. Op it earste stik komt op it Lytssân de Stokfiskstege út, by de Bysketoerbrêge (Byskestegebrêge) de Bysketoerstege en op it lêste stik de Brouwerstege.

Oan de súdside fan it Lytssân steane in tal patrysjershuzen. Dit part fan de strjitte waard eartiids it Mennistehimeltsje neamd, nei de wolfarrende menniste hannelers dy't hjir harren wenten hienen. De bewenners joegen mei help fan woldiedige yn- en eksterieuren útdraging fan harren rykdom. De wenten oan dizze side hawwe allegear in djippe tún, dy't yn inkele gefallen oan de Botniakaai ta rinne. Bewenners hienen yn dizze eftertún faak in ferhege túnhûs, dat hja oer de stêdwâl sjen koenen, oer de greiden oant De Jouwer ta.

Oan it Lytssân steane in tal ryksmonuminten, lykas de Brandenburgh, Frysk Skipfeart Museum en it pân fan de Widdo Joustra.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeente Sneek, Provincie Friesland, Rijksdienst voor Archeologie, Cultuurlandschap en Monumenten (2008) Sneek. Plak fan útjefte: Amersfoort.