Anke Kuypers (Rotterdam, ?) is in byldzjend keunstner út Boelensloane yn de gemeente Achtkarspelen. Har wurk bestiet út makket fotowurken, ynstallaasjes, bylden, skilderijen en sieraden.

Groeide op yn Rotterdam, maar wie yn fakânsjes faak op de boat yn Fryslân. Gie fan 1958-1964 nei it Erasmiaans Gymasium yn Rotterdam. Folge tusken 1964 en 1967 kolleezjes Politike Wittenskippen oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1967 gie Anke nei de oplieding foar sulversmidten yn Schoonhoven en rûn staazje by Jan Noyens yn Utert en dêrnei in gaststúdzje 'Gerätedesign' oan de Fachhochschule für Gestaltung yn Schwabisch Gmünd yn Dútslân. Nei in pear jier atelier 'anca design' hân te hawwen ferhuze se yn 1972 nei Koatstertille en sette har koart dêrnei ta wenjen yn Boelensloane.

Dêrwei joech se eksposysjes yn binnen- en bûtenlân. Yn 1978 waard se dosint edelsmeien en sieraadûntwerpen oan Karwei/Meldij yn Drachten en De Sirkel op It Hearrenfean. Ien fan har learlingen wie Lucie de Blécourt. Letter folge mear wurk yn relaasje mei arsjitektuer en waard se lid fan de Provinsjale Adyskommisje Byldzjende Keunst yn Fryslân en fan de advyskommisje byldzjende keunst foar Smellingerlân.

Eksposearre faak by De Lawei, lykas mei de eksposysje 'Tussen wrijving en verwondering' dy't betocht wie troch keunsthistoarikus Huub Mous út Ljouwert, dy't wol faker teksten foar Anke skriuwt.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: