Lucie de Blécourt
Lucie de Blécourt (De Haach, 1950) is in byldzjend keunstner mei in galery oan de Alde Biltdyk yn Sint-Jabik.
Gie nei it Huygenslyceum yn Voorburg en ferhuze letter nei It Bilt. Begûn sûnt 1975 portettekeningen te meitsjen. Yn 1985 makke hja in tal portretten fan de Frânske chansonnier Leo Ferré foar it omkaft fan de grafyske bondels fan Wim Bors. Begjin jierren njoggentich ûntstie ynteresse foar it edelsmeien. Folge kursussen by Anke Kuypers en rjochte yn 1996 mei har man Wim Bors "Atelier 11" op. Tatreden yn 2001 ta it Gilde fan Fryske Goud- en Sulversmidten.
Haadtema yn har sieraden ‘natuer versus kultuer’. Der is altiten in kontrast werom te kennen yn in boartlike en strakke linefier. Graach wurket De Blécourt mei sulver dat se kombinearret mei oare materialen as edelstiennen, goud, rubber, hout, perspeks of pigminten. By it ûntwerpen giet se út fan it doel fa it sieraad of foarwerp. De temasearjes foarmje altiten in gehiel, mar elk sieraad of objekt is in unika. Har ideeën krije stal yn halssieraden, broches, ringen en brûksfoarwerpen.
Yn 2004 makke galery De Valk yn Harns in oersjochtentoanstelling mai wurk fan har út de tsien jier dêrfoar. Wurk fan har is ek te sjen yn de keunstrûte "Slikwerk" dy't yn augustus yn It Bilt hâlden wurdt.
Untwurp de Emansipaasjepriis ‘it roze pompeblêd’ yn opdracht fan it Anna Blamanhûs yn Ljouwert.
Fotoboeken
bewurkje seksje- 2008 - Sieraden, Lucie de Blécourt 1993 - 2007 mei sieraden út de perioade 1993 - 2007
- 2007 - Sieraden, Lucie de Blécourt 2008
Tentoanstellings (karút)
bewurkje seksje- 2009 De toutes les couleurs Galery De Kleine Hoogstraat, Ljouwert
- 2008 Sulver in bloei Galery Goutum, Goutum
- 2007 Mon Jardin, Galery 45, Westdorpe
- 2006 Des Pierres, Galery de Valk, Harns
- 2005 Fjouwerkant, Gildetentoanstelling Galery de Valk, Harns
- 2004 Sieradenshow Gilde mei huodden fan Gon Hoogvliet, Museum Smellingerlân, Drachten
- 2004 10 jier oersjochtentoanstelling eigen wurk yn Galery DE VALK Harns
- 2003 Groepstentoanstelling hjoeddeiske sulveren sieraden en objekten, Keunstromte It Hearrenfean
- 1999 Keunstmanifestaasje Balk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |