Anne Abrahami (Grou, 26 july 1696 - Kollum, 1 febrewaris 1787) wie in predikant.

Anne wie in soan fan Frederik Abrahami en Rinske Wigersma. Hy studearre teology yn Frjentsjer, waard yn 1717 proponint en 16 july 1719 as predikant befestige te Tsjalbert en Terbant.

Op 23 augustus 1724, waard er beroppen te Kollum, dêr't er 24 septimber syn yntree die. Hy tsjinne de Herfoarme gemeente fan Kollum 63 jier. Hy waard 15 febrewaris 1787 yn Kollum begroeven.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Anne Abrahami.