Anneksaasje

(Trochferwiisd fan Anneksearje)

In anneksaasje, fan it Latynske ad ("by") en nexus ("foegjen" of "foeging"), of in ynliving, is oerheveljen fan grûngebiet fan 'e iene polityk-steatkundige entiteit nei de oare. Yn it ynternasjonaal rjocht ferwiist it nei it ûnder twang ôfstean fan grûngebiet troch it iene lân, sadat dat tafoege wurde kin oan in oar lân. By sokke anneksaasjes giet it yn 'e regel om in diel fan it grûngebiet fan in lân dat oan in oar lân taheakke wurdt, mar it kin ek om in hiel lân gean dat syn soevereiniteit ferliest en opgiet yn in oar lân. Dêrby is it anneksearre lân of lânsdiel lytser of tinner befolke of alteast minder machtich as it lân dat de anneksaasje útfiert.

De Amerikaanske flagge wurdt hyst by it ‘Iolani Paleis yn Honolulu, by in seremoanje ta gelegenheid fan 'e anneksaasje fan Hawaï troch de Feriene Steaten op 6 july 1898.

Ornaris giet soks oan 'e kant fan it anneksearjende lân mank mei twingerij, ekspansjonisme en/of unilateralisme. Sadwaande is 'anneksaasje' in beladen term, en wurdt it mar komselden brûkt as it giet om it gearfoegjen fan twa gebieten wêrfan't de ynwenners yn mearderheid foarstanner fan dat gearfoegjen binne; foar sokke gefallen hawwe har eufemismen ûntjûn, lykas politike feriening of weriening. Anneksaasjes liede net selden ta slepende konflikten tusken de anneksearjende macht en de befolking fan it anneksearre gebiet.

Under de Twadde Wrâldoarloch waarden yn Jeropa en Aazje grutte gebieten anneksearre, wêrby't hiele befolkingen de rjochten ûntsein waarden dy't se ûnder it ynternasjonaal rjocht by in militêre besetting hân hiene. Neitiid waard sadwaande yn 1949 yn 'e Fjirde Sjenêfske Konvinsje fêstlein dat sokke regels in absolút karakter hawwe, sadat it ynternasjonaal rjocht nea wer omsyld en bûten wurking steld wurde kin troch gebieten te anneksearjen. Los dêrfan wurde anneksaasjes sûnt de Twadde Wrâldoarloch troch de ynternasjonale mienskip yn prinsipe net mear akseptearre, hoewol't guon lannen, as se machtigernôch binne of as se machtigernôge freonen hawwe, der soms dochs noch mei fuortkomme.

Guon foarbylden fan anneksaasjes binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.