Annemieke Verdoorn

Annemieke Verdoorn (folút: Annemieke Margo Verdoorn; Rotterdam, 8 augustus 1961) is in Nederlânsk aktrise dy't by it grutte publyk bekendheid krige mei har rol as suster Ingrid yn 'e sikehûssearje Medisch Centrum West, en letter as Joyce Couwenberg yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen.

Annemieke Verdoorn
akteur
Annemieke Verdoorn yn 1998 yn it programma Denktank.
Annemieke Verdoorn yn 1998 yn it programma Denktank.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Annemieke Margo Verdoorn
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 augustus 1961
berteplak Rotterdam (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 19812008
offisjele webside
Annemieke Verdoorn yn 'e IMDb

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Verdoorn waard yn 1961 berne yn Rotterdam. Fan 1981 ôf wie se aktyf as aktrise, wêrby't se yn 't earstoan benammen rollen hie yn toanielstikken en musicals. Se ferfolle byrollen yn films as Les Branchés à Saint-Tropez, út 1983, en de Grijpstra en De Gier-plysjefilm De Ratelrat, út 1987 (as seksy motoraginte). Yn 1985 naam Verdoorn ûnder de skûlnamme Margo mei fiif oare artysten (wêrûnder Ireen Sheer, Malcolm Roberts en Chris Roberts) foar Lúksemboarch diel oan it Eurofyzjesongfestival. Harren ferske Children, Kinder, Enfants einige op it trettjinde plak.

Yn 1988 briek Verdoorn troch mei har rol as de ferpleechkundige Ingrid van der Linden yn 'e sikehûssearje Medisch Centrum West, dy't tige súksesfol wie. De searje rûn seis seizoenen en wie oant 1994 by de TROS op 'e tillefyzje te sjen. Nei Medisch Centrum West krige Verdoorn yn 1996 har oare grutte rol, nammentlik dy fan abbekate en direktrise Joyce Couwenberg, yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen. Hja naam dy rol oer fan Marjolein Keuning, dy't him de twa foargeande seizoenen spile hie. Yn 2008 beëinige Verdoorn nei tolve jier har dielname oan Onderweg naar Morgen, mei as gefolch dat Joyce Couwenberg út 'e searje skreaun waard.

Priveelibben

bewurkje seksje

Verdoorn troude yn 1993 mei Robert Wilson. Mei him krige se op 1 novimber 2001 in soan, dy't James hjit. Nei't se yn 2008 stoppe wie mei har rol yn Onderweg naar Morgen emigrearre Verdoorn mei man en soan nei Austraalje, dêr't se sûnt dy tiid yn Sydney wennet.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1981 Belles, blondes et bronzées miss
1983 Les Branchés à Saint-Tropez Ingeu
1984 Gwendoline ûnbekend net fermelden op 'e ôftiteling
1984 Vivre pour survivre assistinte fan plastysk sjirurch  
1987 De Ratelrat Hylkje Hilarides
tillefyzje
1988–1994 Medisch Centrum West Ingrid van der Linden fêste rol; 100 ôfl.
2002 Toen Was Geluk Heel Gewoon   Saskia gastrol; ôfl. Mist
1996–2008 Onderweg naar Morgen Joyce Couwenberg fêste rol; 398 ôfl.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: