Annet Malherbe
Annet Malherbe (Rotterdam, 23 novimber 1957) is in Nederlânske aktrise. Se waard sawol foar har rol yn Mus (1993), as yn Abel (1986) en yn Kleine Teun (1998) nominearre foar in Gouden Kalf, wylst se foar har oandiel yn de lêstneamde film ek in nominaasje ûntfong foar in European Film Award.
Annet Malherbe | ||
akteur | ||
Malherbe yn 2011 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 novimber 1957 | |
berteplak | Rotterdam | |
jierren aktyf | 1986 - no | |
prizen | Gouden Notekraker, 2013 | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl |
Biografy
bewurkje seksjeNei de legere skoalle yn Zwijndrecht gie Malherbe yn 1969 yn Doardt nei de mafû. Mei har diploma yn'e bûse besleat se har oan te melden foar de Toanielskoalle yn Amsterdam. Se waard ôfwiisd om't se te jong wie. Doe't se yn 1977 opnij audysje die, waard se wol oannaam. Yn 1982 sleat se har oan by teäterselskip Baal.
Annet Malherbe spile in bystânsmem yn telefyzjesearje Mus en yn Gooische Vrouwen fertolke se de rol fan Willemijn Lodewijkx. Ek wie se te sjen as de mem fan Abeltje yn de film mei deselde namme. Yn it earste seizoen fan Lava hie se de rol fan Emanuella. Fan jannewaris 2009 ôf wie se te sjen yn 't Vrije Schaep as prostituee Dolly. Malherbe waard by it grutte publyk bekend troch har rol as juffrou Jannie yn de komeedzjesearje Debiteuren Crediteuren, in ûnderdiel fan Jiskefet.
Malherbe is troud mei akteur en regisseur Alex van Warmerdam, mei wa 't se twa bern hat: Mees en Houk. Se spilet yn it meastepart fan syn films in haadrol: Abel, De Noorderlingen, De Jurk, Kleine Teun, Borgman, Grimm en De laatste dagen van Emma Blank. Allinnich yn Ober (2006) die se net mei. Utsein yn Van Warmerdams films spilet Malherbe geregeld yn de teäterstikken dy't er mei syn groep De Meksikaanske Hond útbringt. Yn 2010 bekende Malherbe dat se yn it ferline problemen hân hie mei depresje. [1]
Op 2 septimber 2013 krige sy de Gouden Notekraker foar ûnder oare har rol yn de telefyzjerige Aaf en Moeder, ik wil bij de revue.
Film en telefyzje
bewurkje seksje- Abel (1986) - Sus
- Lava - Emanuella (1989) (allinne it 1ste seizoen)
- De Freules (1990) foarsitster
- Jiskefet (foaral yn Debiteuren Crediteuren) - Juffrou Jannie (1990-1997)
- De Noorderlingen (1992) - Martha
- Mus (1993) - Mus
- Op afbetaling (1993) - Mien
- Reunie (1994)
- De wachtkamer (1995) - Syn Frou
- De jurk (1996) - Ordinêr frommes
- Aan het eind van de aspergetijd (1997)
- Abeltje - Frou Cockle-Smith/Roef (1998)
- Kleine Teun (1998) - Keet
- Hertenkamp - Nilgun (1999)
- Oud Geld - Ank (1999)
- Beetje Laat (2000)
- Zus & Zo (2001) - Annet
- Minoes (2001) - Jakkepoes (stim)
- De bühne van De Bie - Coby (2001) mei Wim de Bie
- Loenatik de moevie - Boerin (2002)
- Lot (2003) - Mem
- Grimm (2003) - Frou fan de Boer
- Twee dromen (2004) - Garderobedame
- Gooische Vrouwen - Willemijn Lodewijkx-Verbrugge (2005-2007)
- Spoorloos verdwenen - Petra de Wit (Ofl. De verdwenen voetballer, 2006)
- SEXtet (2007) - Marie-Lou
- 't Vrije Schaep - Dolly (Ofl. Ik doe wat ik doe, 2009)
- De laatste dagen van Emma Blank (2009) - Bella
- Foeksia de Miniheks - Minuul (2010)
- Tony 10 (2012) - de keninginne
- Wat als? (2012) - Ferskate rollen
- Moeder, ik wil bij de Revue (2012) - Aagje van Woerkom
- Alleen maar nette mensen (2012) - mem fan David
- De Marathon (2012) - Nel
- Aaf (2013) - Aaf (tf-rige)
- Borgman (2013) - Brenda
- Lucia de B. (2014) - Ernestine Johansson
- Schneider vs. Bax (2015) - Gina
- B.A.B.S. (2017) - Layla van Weteren (tf-rige)
- Zuidas (2018) - Mr. Christine Meijer
- De matchmaker (2018) - Helen
- Taal is zeg maar echt mijn ding (2018) - Paula
- All You Need Is Love (2018) - Renee
- De Dirigent (2019) - Mem fan Antonia
- Harkum (2019) - Agnes
- Oogappels (2022) - Tonnie
- Hockeyvaders (2023) - Truus (Videoland)
- De droom van de jeugd (2023) - mem Rosalie
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|