Anthonij Engelbert Hannema
Anthonij Engelbert Hannema (Harns, 8 july 1887 - Ljouwert, 11 febrewaris 1972) wie in Nederlânsk politikus fan de Liberale Steatspartij.
Hy waard berne yn it Hannemahûs as soan fan keapman Jacobus Hannema (1856-1920) en Adelaïde Louise André de la Porte (1859 -1938). Neidat er yn syn berteplak de hbs dien hie, gie er nei Amsterdam om te studearjen oan de Iepenbiere Hannelsskoalle.
Dêrnei wie er twa jier yn it bûtenlân wurksum by hannelskantoaren.
Werom yn Harns gie er oan't wurk by de firma Sjoerd Hannema dy't hannele yn súdfruchten, mar ek in sâltsiederij eksploitearre.
Hannema wie ek gemeenteriedslid, wethâlder en lid fan'e Provinsjale Steaten fan Fryslân foardat er yn 1938 beneamd waard ta boargemaster fan Harns. Yn 1943 waard er ûntslein mar nei de befrijing yn 1945 kaam er werom nei syn âlde funksje.
Hannema gie yn 1952 mei pensjoen en ferstoar begjin 1972 yn'e âldens fan 84 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|