Anthony Kiedis

Anthony Kiedis (Grand Rapids, 1 novimber 1962) is in Amerikaansk sjonger. Hy is bekend as de sjonger fan de Red Hot Chili Peppers. Kiedis en syn mei-bandleden waarden yn 2012 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Anthony Kiedis
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Anthony Kiedis yn 2016
Anthony Kiedis yn 2016
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anthony Kiedis
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 1 novimber 1962
berteplak Grand Rapids
wurkpaad
sjenre Rock
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Under the Bridge,
Californication,
Snow (Hey Oh)
jierren aktyf 1983–No

Kiedis brocht syn jeugd troch yn Grand Rapids, Michigan, mei syn mem, en ferhuze doe koart foar syn tolfde jierdei om by syn heit yn Hollywood te gean wenjen. Yn syn tiid op de Fairfax High School rekke Kiedis befreone mei de studinten Flea en Hillel Slovak, dy 't lid wiene fan in band mei namme Anthym. Nei de middelbere skoalle begûn Kiedis lessen te folgjen oan de universiteit fan Kalifornje, mar hold yn syn twadde jier op.

Doe 't Kiedis in oanbod krige om it foarprogramma fan in lokale band te spyljen, skeakele hy Flea, Slovak en drummer Jack Irons yn. Nei in show ûnder de namme Tony Flow en de Miraculously Majestic Masters of Mayhem, feroare de band de namme yn Red Hot Chili Peppers. Kiedis hat tolve studioalbums opnaam mei de Red Hot Chili Peppers.

De teksten fan Kiedis binne yn syn karriêre folwoeksener wurden; iere teksten gean oer ûnderwerpen as seks en it libben yn Los Angeles, wylst resintere nûmers harren rjochtsje op mear beskôgjende tema's lykas leafde, ferslaving en ferlies. Kiedis wraksele oant 2000 mei in heroïne ferslaving en is sûnt drugsfrij bleaun.

DiskografyBewurkje

AlbumsBewurkje

Album Utbrocht op Band Single(s)
The Red Hot Chili Peppers 10 augustus 1984 Red Hot Chili Peppers Get Up and Jump
Freaky Styley 16 augustus 1985 Jungle Man,
Hollywood (Africa)
The Uplift Mofo Party Plan 29 septimber 1987 Fight Like a Brave
Mother's Milk 16 augustus 1989 Higher Ground,
Knock Me Down,
Taste the Pain
Blood Sugar Sex Magik 24 septimber 1991 Give It Away,
Under the Bridge,
Suck My Kiss,
Breaking the Girl,
If You Have to Ask
One Hot Minute 12 septimber 1995 Warped,
My Friends,
Aeroplane,
Shallow Be Thy Game,
Coffee Shop
Californication 8 juny 1999 Scar Tissue,
Around the World,
Otherside,
Californication,
Road Trippin,
Parallel Universe
By The Way 9 july 2002 By the Way,
The Zephyr Song,
Can't Stop,
Dosed,
Universally Speaking
Stadium Arcadium 9 maaie 2006 Dani California,
Tell Me Baby,
Snow (Hey Oh),
Desecration Smile,
Hump de Bump
I'm With You 26 augustus 2011 The Adventures of Rain Dance Maggie,
Monarchy of Roses,
Look Around,
Brendan's Death Song
The Getaway 17 juny 2016 Dark Necessities,
Go Robot,
"Sick Love,
Goodbye Angels
Unlimited Love 1 april 2022 Black Summer