Apokalyptyske en post-apokalyptyske fiksje

(Trochferwiisd fan Apokalyptyske film)

Apokalyptyske en post-apokalyptyske fiksje foarmet twa nau besibbe subsjenres fan science fiction, fantasy, horror of spekulative fiksje yn 'e bredere sin. Ferhalen fan apokalyptyske fiksje draaie om 'e apokalyps, oftewol de ein fan 'e wrâld, of yn elts gefal om 'e ein fan 'e minsklike beskaving sa't dy no bestiet. Apokalyptyske fiksje omfiemet ek ferhalen dêr't yn besocht wurdt om sa'n apokalyps foar te kommen. Ferhalen fan post-apokalyptyske fiksje draaie om it oerlibjen yn in wrâld nei't de minsklike beskaving by in apokalyps folslein ynstoart is. Faak is der yn sa'n wrâld gjin (wurkjende) technology mear, of binne de helpboarnen om technology geande te hâlden tige krap wurden.

De apokalyps ôfbylde op it skilderij Apocalypse, út 1903, fan Albert Goodwin.

Binnen de post-apokalyptyske fiksje komme twa oer it algemien dúdlik faninoar te ûnderskieden, mar fierders nammeleaze subsjenres foar. Yn it earste fan dy subsjenres spilet it ferhaal fuortendaliks nei de apokalyps, en leit it him ta op 'e psychologyske swierrichheden fan 'e traumatisearre oerlibbenen by harren wanhopige besykjen om middenmank de lêste restanten fan harren beskaving yn it libben te bliuwen. Yn it oare subsjenre spilet it ferhaal folle letter, yn in wrâld mei ien of mear eigen beskavings mei eigen noarmen en wearden, en yn in tiid dat de pre-apokalyptyske, oarspronklike beskaving yn 'e ferjitnis rekke of mytologisearre is.

De apokalyps dy't beskreaun wurdt (yn apokalyptyske fiksje) of dy't ymplisearre of yn it foarbygean neamd wurdt (yn post-apokalyptyske fiksje) kin in breed ferskaat oan oarsaken hawwe. Klimaatferoaring en it broeikaseffekt binne bygelyks tsjintwurdich in faak foarkommend tema, krekt sa't dat earder, yn 'e Kâlde Oarloch, sa wie mei in nukleêre holokaust. Oare mooglike oarsaken binne bygelyks oanboazjende miljeufersmoarging; de ynslach fan in asteroïde yn it ierdoerflak; it troch minsken opbrûken fan alle natuerlike helpboarnen op 'e wrâld; in wrâldwide pandemy; in ynfaazje troch bûtenierdske wêzens; of in opstân fan keunstmjittige yntelliginsjes. Ek wurde soms eskatalogyske ideeën oanhelle, lykas it Lêste Oardiel, de Werkomst fan Jezus of Ragnarök.

Apokalyptyske en post-apokalyptyske fiksje foarmje gjin nij betinksel, mei't in protte beskavings út 'e Aldheid, lykas de Babyloanyske en de Israelityske, apokalyptyske myten en oare literatuer produsearren dy't draaide om 'e ein fan 'e wrâld en fan 'e minsklike beskaving. In ier foarbyld dêrfan is it Epos fan Gilgamesj, dat skeaun waard tusken 2000 en 1500 f.Kr. Ien fan 'e earste moderne wurken fan apokalyptyske fiksje dy't as sadanich werom te kennen binne, is de roman The Last Man, fan 'e Ingelske skriuwster Mary Shelley, út 1826. Pas nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't de wrâld yn 'e 1950-er jierren ûnder de driging libje moast fan in ferwuostgjende kearnoarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny, krigen apokalyptyske en post-apokalyptyske fiksje grutte populariteit.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.