Armeenske Tsjerke (Nikosia)

De Tsjerke fan Us-Leaffrou fan Tyrus (Armeensk: Հայկական Սուրբ Աստուածածին եկեղեցի), koartwei ek bekend as de 'Armeenske Tsjerke (Turksk: Ermeni Kilisesi), is in eardere kleastertsjerke yn 'e Arab Ahmet-wyk yn it west fan 'e histoaryske binnenstêd fan Nikosia. De tsjerke stiet yn 'e Şevkete-strjitte (eartiids bekend as de Victoriastrjitte), tichteby de Arab Ahmetmoskee yn Noard-Nikosia en de roomske Hillich-Krústsjerke en de Pafospoarte yn Súd-Nikosia.

Us-Leaffrou fan Tyrustsjerke
Հայկական Սուրբ Աստուածածին եկեղեցի
Lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Nikosia
de facto Lefkoşa
plak (Noard)-Nikosia
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl gotyk
Kaart
Armeenske Tsjerke (Nikosia-Sintrum)
Armeenske Tsjerke
 
Ynterieur.

De tsjerke waard yn 'e 13e iuw as in wichtich Benediktynsk nonnekleaster nei de fal fan Jeruzalim stifte. Yn 1308 renovearre Hindrik II fan Jeruzalim de tsjerke nei't dy troch in ierdskodding skansearre wie. Om't in soad nonnen Armeensk fan komôf wiene, waard de tsjerke foar 1504 oan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke oerdroegen.

Oant de jierren 1960 stie de Armeenske prelatuer njonken de tsjerke. Sûnt de jierren 1920 stie by de tsjerke ek in Armeenske skoalle. Binnen it kompleks waard yn 1932 in monumint ta neitins fan 'e Armeenske genoside oprjochte, ien fan 'e âldste yn 'e wrâld. Fierder stiene der om 'e tsjerke hinne in soad oare Armeenske fasiliteiten.

De tsjerke hie te lijen fan it geweld tusken de Syprioatyske mienskippen yn 1963-1964 en by de besetting fan Noard-Syprus fan 'e Turken yn 1974. Nei it geweld fan 'e jierren 1963-1964 waard Nikosia ferdield yn Grykske en Turkske wiken. De Armeenske wyk kaam mei de tsjerke yn it Turkske diel te lizzen en de Armeenjers moasten òf nei it Grykske diel òf nei it bûtenlân ferhúzje. Nei it ferlies fan harren tsjerke boude de Armeenske mienskip in nije Marijetsjerke by de Armeenske skoalle yn it Grykske diel fan Nikosia.

De âlde tsjerke rekke skansearre en stoarte foar in part yn, mar yn 2007 sette in restauraasje yn.

Restauraasje

bewurkje seksje

Yn 2007 krewearre it United Nations Development Programme (UNDP) foar it behâld fan 'e tsjerke en de restauraasje dêrfan. Yn 2013 waard dy restauraasje foltôge en yn 2015 bekroand mei de EU Priis foar Kultureel Erfgoed (Europa Nostra Award).

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De goatyske tsjerke bestiet út in fjouwerkant skip mei in mearsidich koer en krúsferwulften. In oantal grêfsarken yn 'e flier fan 'e tsjerke datearren út de 14e en 15e iuw, mar binne yn 'e jierren 1960 út de flier helle en steane no yn it noardlik portaal. De klokketoer datearret fan 1860. Noardlik steane kleastergebouwen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: