Armeenske Genoside

(Trochferwiisd fan Armeenske genoside)

De Armeenske Genoside (Armeensk: Հայոց Ցեղասպանություն, transliteraasje: Hayoc’ C’eġaspanout’youn; Turksk: Ermeni Soykırımı en Ermeni Kıyımı)— ek bekend as de Armeenske Holocaust en by Armeenjers as de Grutte Misdied (Մեծ Եղեռն, Mec Yeġeṙn) of Armeenske Kwestje— ferwiist nei de mei opset sin en systematyske ferneatiging fan de Armeenske befolking fan it Ottomaanske Ryk yn en krekt nei de Earste Wrâldkriich yn de tiid fan it rezjym fan de Jonge Turken.

De regio's mei Armeenske befolking yn it easten fan Anatoalje en Transkaukaazje yn 1896.
Armeenske partizane-ienheid yn gefjochtsliny foar it Turkske leger oer ûnder de stêd Van, maaie 1915.
Armeenske boargers marsjearje nei de finzenis yn Mezireh ûnder tafersjoch fan Ottomaanske soldaten. Kharpert, Ottomaanske Ryk, april 1915.
Armeenske mem mei har deade bern yn de woastyn ûnder Aleppo
.
Krantekop New York Times op 15 desimber 1915.

Der waard op grutte skaal moarde en deportearre. By de deportaasjes waarden minsken twongen ta lange marsen ûnder sokke strieminne omstannichheden dat it wol útrinne moast op in soad deaden. It totaal oantal Armeenske deaden wie ien oant oardel miljoen, dêr binne de measten it oer iens. Yn dy tiid waarden oare etnyske groepen, sa as Assyrjers en Griken, op in te ferlykjen wize oanfallen troch it Ottomaanske Ryk. Guon gelearden tinke dat dat part wie fan deselde ferdylgingspolityk. Lykwols wol Turkije formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan.

Armeenje hat fan de 15e iuw ôf diel útmakke fan it Ottomaanske Ryk. Yn de 19e iuw wie dat ryk yn ferfal rekke en troch ferskillende krigen mei de tsaar fan Ruslân grûn kwyt rekke. Nei de Russysk-Turkske Oarloch yn 1878 easken de meast Armeensk-ortodokse herfoarmingen wêrûnder stimrjocht en in ein oan de diskriminaasje fan kristenen. Troch Sultan Abdul Hamid II waard mei hurde hân optrede en op syn befel waarden tûzenen Armeenjers yn it lân fermoarde.

Yn 1908 waard yn Turkije de macht grypt troch de Jonge Turken. Dy machtsoername waard ynearsten troch de Armeenjers stipe. Yn de Earste Wrâldkriich keas it Ottomaanske ryk de side fan Dútslân en rekke it lân yn oarloch mei Ruslân. De Armeenjers woenen ûnôfhinklik bliuwe yn it konflikt, mar sleaten letter ferdraggen mei de Britten en de Russen. Dy ferdraggen moasten it ûntstean fan in selsstannich Armeenje yn de eastlike provinsjes fan Anatoalje mooglik meitsje.

Yn dat gebiet wennen doe in soad Armeenjers en in part fan Armeenje foel al in skoft ûnder Russysk bestjoer. Oan Russyske side fochten yn 1915 yn totaal sân grutte Armeenske frijwilligersbrigades. Ek kamen ferskillende groepen Armeenjers yn opstân, ûnder oare yn de stêden Fan en Zeytun (Süleymanly).

As it front tichteby komt binne de Turken benaud dat mear Armeenjers harren by de Russen oanslute sille. Troch de Ottomaanske regearing wurdt besluten alle Armeenjers nei de Syryske woastyn ta deportearen. Op 24 april 1915 wurde hûnderten oant tûzenen leden fan de Armeenske elite sûnder inkele foarm fan proses yn Konstantinopel (Istanboel) fermoarde. Dy dei sil by de Armeenjers altiten yn it ûnthâld bliuwe en wurdt sjoen as it begjin fan de folkemoard.

Fan offisjele side (Talaat Pasja) waard as reden foar de deportaasje opjûn de opstannen troch en "massamoarden" troch Armeenjers. De deportaasje hie yn wêzen gjin bestimming, mar wie ynearsten organisearre rjochting de stêd Aleppo en fan dêrwei nei de Deir ez-Zor-woastyn. Nei alle gedachten hawwe der 25 grutte konsintraasjekampen west dy't ûnder leiding stiene fan Sükrü Kaya. De measte leinen yn it tsjintwurdige Syrje dêr't sommige fan allinnich as trochfierkampen tsjinne hawwe.

Underweis fan de ferskillende parten út it lân nei Syrje, waard min soarge foar iten of drinken foar Armeenjers. Neffens eachtsjûgen en histoaryske dokuminten gienen in protte Armeenjers dea by de marsen, troch toarst, honger en sykten of waarden dearânsele of -sketten troch Turkse soldaten. Derby waarden Armeenske froulju en famkes ûnderweis geregeld ferkrêfte. Oare Armeenjers, neffens de Britske histoarikus Martin Gilbert de mearderheid fan de slachtoffers, waarden yn of tichteby harren wenplakken fermoarde. [1]

Tal slachtoffers

bewurkje seksje

It tal slachtoffers hat nea offisjeel fêststeld west. Histoarisy binne noch hieltyd ferdield hjiroer. Turkske, Armeenske en westerske skiedkundigen prate elkoar tsjin op dat mêd. De measte Turkske en westerske histoarisy hâlde it op 200.000 oant 500.000 slachtoffers, Armeenske en westerske histoarisy sprekke fan 600.000 oant oardel miljoen slachtoffers.

De Amerikaanske histoarikus Bernard Lewis hâldt it op 'mannige hûnderttûzenen oant miskyn wol in miljoen' slachtoffers.[2] Neffens de Britske histoarikus Martin Gilbert leit it tal om-ende-by in miljoen, dêr't 600.000 fan fermoarde yn bloedblêden yn Anatoalje en 400.000 troch geweld en hongerstjerte ûnder de deportaasjes nei woestinen yn hjoeddeisk Syrje en Irak. Noch 200.000 Armeenjers waarden ferplichte harren te bekearjen ta de islam.[1] De Britske histoarikus Peter Mansfield skat it tal slachtoffers op ien-en-in-fearnsdiel oant oardel miljoen.[3] De Nederlânske wittenskipper Erik-Jan Zürcher hâldt it op 600.000 oant 800.000 slachtoffers.[4] Ton Zwaan skat it tal op 800.000 oant 1 miljoen [5] De Amerikaanske politikolooch Rudolph J. Rummel hat berekkene dat tusken 900 en 1924 likernôch 1,8 miljoen Armeenjers deade binne.[6]

Ynternasjonale erkenning en ûntkenning

bewurkje seksje

Robert Fisk wol yn syn boek De grote beschavingsoorlog hawwe dat de Armeenske genoside de earste Holocaust wie, dêr't ek in soad Dútsers by belutsen wiene, dy't fergelykbere útrûging- en ferswijingstaktiken in pear desenniums letter op 'en nij tapasse soene. Winston Churchill warskôge mear as ien kear tsjin dy praktiken: "De skiednis sil fergees sykje nei it wurd 'Armeenje'."[7]

Westerske histoarisy, dêr't ferskate Turkske ûnder binne, ûnder oaren Taner Akçam, Fatma Muge Gocek en Halil Berktay, en de fermoarde Hrant Dink, binne it der yn it generaal oer iens dat in genoside plak fûn hat. Turkske en oare Westerske wittenskippers, skiedkundigen dy't har spesjaal talein hawwe op de skiednis fan it Ottomaanske Ryk, sa as Bernard Lewis, Justin McCarthy en Gilles Veinstein, hâlde it op deportaasje en massamoard fan Armeenjers, mar wolle faak wol in etnyske suvering tajaan. Turkije wol formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan. In oantal wittenskippers mient dat der te min wittenskiplik bewiis fûn is om definitive konklúzjes te lûken. De ynternasjonale diskusje rjochtet him meast op wat no krekt de definysje fan genoside is en wa't yn dat gefal sizze sil dat it genoside west hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar referinsjes sjoch ynlieding Armenian Genocide, Ingelsktalige Wikipedy

Literatuer:

  • Taner Akçam, A Shameful Act, The Armenian Genocide and the Question of Turkish Responsability, New York, Metropolitan Books, 2006. 484 s.
  • Taner Akçam, De Armeense Genocide, een reconstructie, oersetting fan A Shameful Act Nieuw Amsterdam Uitgevers 2007, 528 sdn., ISBN 978-90-468-0225-0
  • Michiel Leezenberg, Schuldig. Waaraan? De Turkse worsteling met de massamoord op de Armeniërs, yn NRC Handelsblad, Cultureel Supplement, 23 febrewaris 2007.
  • Norman M. Namark, Fires of Hatred: Ethnic cleansing in twentieth-century Europe, Harvard University Press, 2001, Cambridge MA en London UK, 248 sdn. Haadstik I: The Armenians and Greeks of Anatolia p. 17-56.
  • Cem Özgönül, Der Mythos eines Völkermordes- eine kritische Betrachtung der Lepsiusdokumente sowie der deutschen Rolle in Geschichte und Gegenwart der armenischen Frage. Önel-Verlag, Keulen 2006, ISBN 3-933348-93-5.
  • Guenter Lewy, The Armenian Massacres in Ottoman Turkey: A Disputed Genocide, Salt Lake City: University of Utah Press, 2005. ISBN 0-87480-849-9
  • Justin McCarthy, Death and Exile, The Ethnic Cleansing of Ottoman Muslims 1821-1922, Princeton, N.J., Darwin Press, 1995. ISBN 0-87850-094-4
  • Jelle Verheij, “Tussen oost en west. Een verkenning van de Armeense genocide (1915)”, yn: Nieuw tijdschrift van de Vrije Universiteit Brussel 12/3 (1999) pp. 101–127
  • Uğur Ümit Üngör (2007), Vervolging, onteigening en vernietiging: De deportatie van Ottomaanse Armeniërs tijdens de Eerste Wereldoorlog (Soesterberg: Aspekt, 2007)
  • Anthonie Holslag, In het gesteente van Ararat: Een onderzoek naar de ralatie tussen collectief geweld en identiteitsvorming in de Armeense gemeenschap, Utjouwerij Aspekt 2010, ISBN 978-90-5911-794-5
  • Edgar Hilsenrath, Das Märchen vom letzten Gedanken, München, 1989, (oerset: 'It mearke fan de lêste tins'. It ferhaal fan de Armeenske genoside as mearke ferhelle.)

Keppeling om utens:

Keppelings mei websides dy't de genoside tajouwe:

Keppelings mei websides dy't krityk leverje op de Armeenske genoside:

Fuotnoaten:

  1. 1,0 1,1 Martin Gilbert, The First Wirld War: A Complete History, side 167 (in A Problem from Hell, side 518)
  2. Bernard Lewis (1995) Het Midden-Oosten: 2000 jaar culture en politieke geschiedenis, side 320
  3. Peter Mansfield (2003) A History of the Middle-East, second edition
  4. Erik-Jan Zürcher (2001) Turkey: a modern history, second edition, side 120
  5. Ton Zwaan (2001) De 'vergeten' genocide
  6. R.J. Rummel Statistics of Democide, Haadstik 5 (1997)
  7. Robert Fisk - De grote beschavingsoorlog