Armoarika
Armoarika is de namme dy't Bretanje yn de âldheid hie. De namme is fan Keltyske oarsprong (ar mor = de see).
Julius Caesar oermastere de Keltische stammen fan Armorica yn de Gallyske Kriich (58 f.Kr. oant 51 f.Kr.). Tsjin de seefarrende stam fan de Veneti moast er in seeslach fiere dy't de Romeinen wûnnen. Nei alle gedachten waard de krite yn de iuwen dêrnei yngeand ferromeinske. Yn de 5e iuw ymmigrearren de Romano-Britten út Britannia, dy't foar de Angelsaksen op de rin wienen, nei Armoarika en krige de Keltyske taal de oerhân wer. Sûnt hjit de regio Bretanje (Breiz yn it Bretonsk).
De Bretonsken twongen op oant yn de provinsje Berry. Yn 448 ferbûnen sy harren mei opstannige groepen boeren, Bagaudae, tsjin it Romeinske Ryk. Aetius, de befelhawwer fan it Romeinske leger in Galje, koe net om de help fan de Alanen, ûnder kening Goar, hinne. De Bretonsken waarden tebekslein en oant oer de rivier de Vilaine weromdreaun. Dy rivier soe in lang skoft tiid de grins fan har lân bliuwe.
Literatuer
bewurkje seksje- Ferdinand Lot, De Germaansche invasies, De versmelting van de Barbaarsche en Romeinsche wereld, De Haach 1939, s. 98-100.