Arp Kruithof
Arp Kruithof (Heerlen 10 novimber 1919 - Meppel 22 desimber 1989) wie ferbûn oan de Folkshegeskoallen yn Bakkefean en Diependaal fan 1938-1948. Wenne yn Appelskea en wie sekretaris fan it Ynstitút foar Lân en Túnboukoöperaasje yn Alkmaar sûnt 1949 en publisearre ier it koöperaasjewêzen yn Nederlân.
As soan fan Oeriselske âlden hie er ûnderwizer wurde wollen, mar nei't er him yn 1938 opjûn hie foar de kursus "Verscheurd Europa" fan de Folkshegeskoalle Allardseach, helle direkteur Hendrik van der Wielen him oer om by de folkshegeskoalle it koöperaasjewurk foar syn rekken te nimmen. Yn de oarloch learde hy Frysk fan Ype Poortinga, dy't op itselde steed ûnderdûkt siet. Dêrnei brocht it koöperaasjewurk him lykwols om utens, yn Markelo, De Steeg en Heiloo.
Nei't syn lêste wurkjouwer, it Ynstitút foar Lânboukoöperaasje yn Noard-Hollân, troch fúzje opdoekt waard, begûn er syn eigen pr-buro. Yn dy hoedanichheid krúste de direktrise fan de Fryske Kultuerried, Trude Faber-Hornstra, syn paad. Hja hie sjoen hoe't er it ôfskie fan Van der Wielen optúgd hie en frege him yn 1969 de produksje op him te nimmen fan it befrijingsspul 'Tusken goed en kwea' fan Freark Dam. Pyt fan der Zee hie de regy fan dat spektakel, dêr't ear as hûndert minsken oan meidiene en dat by de 25e betinking fan de befrijing op 15 april 1970 foar krapoan 5000 taskôgers opfierd waard yn de Fryslânhal. Kruithof waard hjir foargoed troch de Fryske kultuer oanrekke en ferwachte dat der grif wol 5000 Friezen abonnee wurde woene op syn blêd DIF ("Dit is Fryslân"), in orgaan dat as VVV-orgaan nei de lêste siken gappe. Kruithof seach reden foar refitalisaasje, de provinsje stuts der in slompe startjild yn en ûnder it haadredakteurskip fan Sytze Faber wurken hjiroan mei Hans Bakker, Hugo Kingmans, Bart den Oudsten, Keimpe Sikkema, Piter Terpstra en Arend J. Wynsma. De optimist Kruithof seach ek daliks oerlibbingskânsen foar it Fryske moanneblêd De Strikel, dat syn útjouwer Laverman kwytrekke wie dat oan DIF taheakke wurde koe. It projekt mislearre yn augustus 1972 nei it ferskinen fan it achtste nûmer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|