Arromanches-les-Bains

Arromanches-les-Bains is in Frânske gemeente yn it departemint Calvados yn de regio Normandje.

Arromanches-les-Bains
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Calvados
Sifers
Ynwennertal 481 (2018)
Oerflak 1,37 km²
Befolkingstichtens 351 / km²
Hichte 0-55 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side fan Arromanches

De gemeente leit oan de kust fan it Kanaal, likernôch 11 kilometer noardeastlik fan Bayeux en 30 kilometer noardwestlik fan Caen.

 
Gold Beach mei resten fan de haven "Mulberry B"

By de alliearre lânings fan 1944 yn de Twadde Wrâldkriich lei Arromanches oan Gold Beach. Nei de lâning waard yn it ramt fan de operaasje foar de kust ien fan de twa keunstmjittige havens (Mulberry B) oanlein om troepen en materjeel oan lân te bringen. De resten fan de haven binne ek hjoeddedei noch te sjen.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2007 2018
Ynwennertal 298 339 355 395 409 552 609 481
Boarnen: Cassini en INSEE

De befolking libbet fral fan it toerisme. Njonken in kemping wurde in soad sport- en frijetiidsaktiviteiten oanbean.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Musée du Débarquement
  • Bioskoop Arromanches 360
  • De neoromaanske, healwei de 19e iuw boude, Sint-Pitertsjerke (Église Saint-Pierre)