Luchtbân

(Trochferwiisd fan Autobân)

In luchtbân is in opblaasber ringfoarmich ûnderdiel fan in modern tsjil dat oer de felch hinne oanbrocht wurdt. It is in holle bân fan rubber, dy't (faak fia in fentyl) opfolle wurdt mei lucht. Sokke bannen wurde brûkt foar auto's, frachtweinen, autobussen, motorfytsen, bromfytsen, fytsen, trekkers en oare lânbouwurktugen, kranen, shovels en oar swier materieel, fleanmasines, oanhingweinen, caravans, kroaden, rolstuollen en withoefolle oare tapassings. De luchtbân waard yn 1841 útfûn troch de Skot Robert William Thomson, dy't syn patint lykwols yn 1888 ferrinne liet, wêrnei't syn lânsman John Dunlop dermei oan 'e haal gie. Ear't der rubberen bannen ûntwikkele wiene, besloech men houten tsjillen simpelwei mei in bân fan izer om skansearjen en slitaazje tsjin te gean.

Opsteapele autobannen.

De materialen dy't brûkt wurde foar de makkelei fan luchtbannen binne syntetysk rubber, natuerlik rubber, weve stof, tried, swartsel (ek wol bekend as carbon black) en oare gemyske produkten. Yn 'e bûtenkant fan 'e bân is yn it rubber hast altyd in profyl oanbrocht, dat soarget foar ôfsettingskrêft tusken de bân en it weidek, en dêr't wetter op 'e wei troch ôffierd wurde kin, sadat akwaplaning foarkomd wurde kin. Teffens soarget de lucht yn 'e bannen foar in beskaat skokabsorbearjend fermogen.

Foarhinne bestie in luchtbân út in tinne binnenbân, dy't de eigentlike lucht fêsthold, en in tsjûkere en stevigere bûtenbân, dy't it kontakt mei it weidek makke. By fytsen is dat tsjintwurdich noch sa. Moderne autobannen, lykwols, hawwe eins frijwol nea mear binnenbannen, om't de nije konstruksje fan 'e bûtenbân dat net talit. De sydkanten ('wangen') binne dêr nammentlik te slop foar, wylst de binnenkant der te rûch foar is. In binnenbân soe dan by de bûtenbân lâns skuorje, mei as gefolch dat er te waarm wurde en lek gean soe. Fierders binne ek moderne autofelgen net geskikt foar binnenbannen. Sadwaande wurdt by de binnenbânleaze (tubeless) autobân troch de bannespanning de râne ('hakke') fan 'e luchtbân stevich tsjin 'e felch oandrukt sadat de lucht streekrjocht yn 'e bûtenbân pompt wurde kin sûnder dat dy ûntsnapt. It fentyl sit sadwaande no yn 'e regel yn 'e felch ynboud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.