Autonoom gebiet

(Trochferwiisd fan Autonome regio's)

In autonoom gebiet of in autonome regio is in subnasjonale krite binnen in ûnôfhinklik lân, wêrfan't it politike bestjoer troch de sintrale oerheid (oansjenlik) mear foech taparte krigen hat en útoefenje mei en kin as de bestjoeren fan oare regio's binnen datselde lân. Autonome gebieten wurde faak karakterisearre trochdat se bewenne wurde troch in etnyske minderheid en/of trochdat se tige ôfhandich lizze. It útsûnderlike foech dat troch it bestjoer fan in autonoom gebiet útoefene wurdt, kin troch de sintrale oerheid ferliend wurde fia in gewoane wet en/of fia de grûnwet.

De Fêreu-eilannen hawwe bgl. in fiergeande foarm fan autonomy binnen it Keninkryk Denemark, mar dy autonomy is inkeld yn in wet fêstlein ek kin troch it Deenske parlemint yn prinsipe mei in gewoane mearderheid ûngedien makke wurde. No sil dat net gau barre om't de Fêreuske befolking soks net oer syn kant gean litte sil, mar de mooglikheid bestiet. Folle seldsumer is it dat de autonomy boarge is troch in spesjale wet dy't allinnich mar troch de sintrale oerheid wizige wurde kin as ek it parlemint fan it autonome gebiet sels dêrmei akkoart giet. Dat is bgl. sa yn it gefal fan 'e autonomywet fan 'e Ålâneilannen, yn 'e Botnyske Golf, dy't ta Finlân hearre.

Oare foarbylden fan autonome gebieten binne Grienlân binnen Denemark; Skotlân en yn mindere mjitte Wales binnen it Feriene Keninkryk; Madeara en de Azoaren binnen Portegal; Trentino-Súd-Tiroal, de Aostadelling, Friûly-Julysk Feneesje, Sardynje en Sisylje binnen Itaalje; Iraaksk-Koerdistan binnen Irak; Nevis binnen Sint-Kits en Nevis; en Sansibar binnen Tanzania. Ek binnen de Russyske Federaasje besteane in grut tal gebieten dy't yn namme autonoom binne, lykas Tsjetsjeenje, mar dêrfan is de autonomy sûnt likernôch 2000 oan wie troch ôfbroazele. Inselde soarte sitewaasje docht him foar yn 'e Folksrepublyk Sina, dêr't û.m. Tibet, Sinkiang-Oeigoerje en Binnen-Mongoalje op papier in autonome status hawwe, dy't yn 'e praktyk lykwols net folle foarsteld.

Nederlân hat gjin autonome gebieten, mei't de Nederlânske provinsjes mar in tige beheind bestjoersfoech hawwe, dy't boppedat foar alle provinsjes itselde is. Kurasau, Arûba en Sint-Marten kinne ek gjin autonome gebieten neamd wurde, om't dat steaten op harsels binne, dy't yn prinsipe los steane fan 'e steatsstruktuer fan it Jeropeeske diel fan Nederlân, en dêr inkeld yn it Keninkryk fan de Nederlannen min ofte mear op basis fan gelikensens mei ferbûn binne. As alle dielgebieten fan in lân in beskate foarm fan autonomy hawwe, sprekt men net mear fan autonome gebieten, mar fan in federaasje of in bûnssteat; dat is bgl. it gefal yn Belgje, Dútslân, Spanje, Kanada, de Feriene Steaten en Austraalje. As alle dielgebieten net inkeld autonoom, mar ek soeverein binne, sprekt men fan in konfederaasje of in steatebûn; in foarbyld dêrfan is Switserlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.