Avine Fokkens
Avine Fokkens-Kelder (Utert, 14 juny 1971) is in Frysk VVD-politikus út Ljouwert. Fan 2019 oant 2023 wie se deputearre foar de provinsje Fryslân en sûnt 1 oktober 2023 is se boargemaster fan It Hearrenfean.
Avine Fokkens | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | VVD | |
deputearre fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2019 – 2023 | |
fraksjefoarsitter fan 'e VVD yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2015 - 2019 | |
foargonger | Klaas Kielstra | |
opfolger | Klaas Kielstra | |
lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2007 - 2011, 2015 - 2019 | |
boargemaster fan It Hearrenfean | ||
amtsperioade | 2023 - no | |
foargonger | Tjeerd van der Zwan | |
offisjele webside | ||
Avine Fokkens op Twitter |
Politike karriêre
bewurkje seksjeFokkens kaam yn 2007 foar it earst yn de Provinsjale Steaten foar de VVD. Se wie yn dy perioade fise-fraksjefoarsitter. Nei fjouwer jier hold se dêrmei op, omdat it net te kombinearjen wie mei har libben njonken de polityk. By de ferkiezingen fan 2015 stie se dochs wer op de list. As twadde, efter Klaas Kielstra. De VVD kaam yn it kolleezje mei Kielstra as deputearre. Fokkens waard nei foaren skood as fraksjefoarsitter.
Fokkens as deputearre
bewurkje seksjeBy de provinsjale ferkiezingen fan 2019 stie Fokkens opnij twadde op de VVD-list efter Kielstra. By Omrop Fryslân hie se al ferteld dat Kielstra net automatysk wer deputearre wurde soe, mocht de VVD yn it kolleezje komme.[1]
Dat die bliken yn april, in moanne nei de ferkiezingen,: de oare steateleden fan de VVD hiene mear fertrouwen yn Fokkens as deputearre. Kielstra naam har plak yn as fraksjefoarsitter yn de Steaten.[2]
As deputearre hat Fokkens ûnder oare ferkear en ferfier, romte, it Waad, de Ofslútdyk, de Fryske Akademy en Wetsus yn har portefúlje.
Se stie ek as nûmer 13 op de VVD-list foar de Earste Keamer. Se kaam net yn de Earste Keamer, want de VVD krige 12 sitten.
Boargemaster fan It Hearrenfean
bewurkje seksjeOp 29 juny 2023 waard Fokkens troch de gemeenteried fan It Hearrenfean foardroegen as nije boargemaster. Op 15 septimber dat jier waard se troch de ministerried foardroegen foar beneaming by keninklik beslút mei yngong fan 2 oktober dat jier. Op dy deis waard se ek oansteld. In har portefúlje krige se iepenbiere oarder & feiligens en bestjoerlike saken & koördinaasje. Njonken it boargemasterskip waard se lid fan de beswierekommisje fan 'e lanlike VVD.[3][4][5][6]
Persoanlik libben
bewurkje seksjeFokkens hat wurke by de rjochtbank yn Ljouwert en is mem fan fjouwer bern.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- Avine Fokkens (VVD), profyl by de provinsje Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|